Rein de Lange

Betiid

logo.ensafh

it is te betiid
om my no al út de dream te draaien
en myn plakje yn it radarwurk te besetten

yn dizze kokon, fjouwer heech
efter dekadint fersliten kleden
fiert it oerwûn fakuüm feest

wyld faleriaantreksel wurket út
tusken beide earen brekt
eltse tinzekronkel iepen

mei de nacht dy’t my op reis naam
nei nimfen betsjoenend op it dûnsdek
rabjende seelju oan ’e swier

yn moarnsrûzen falt de wjerstân fuort
stjit ik it oertallige wer teplak
bleau noch efkes lizzen

ôfknapt wurch betink ik my:
it is te betiid… Lês fierder

Inge Heslinga

Lopen van gedicht naar gedicht

logo.ensafh

Van het Leeuwarder Centraal Station via de Tweebaksmarkt naar het Hoeksterend en vervolgens kriskras door het centrum om uiteindelijk via de Zuidersingel weer bij het station uit te komen. In de onlangs verschenen bundel Poëtisch Leeuwarden: een wandeling in gedichten is een stadswandeling uitgestippeld, die de lezer meeneemt op een poëtische ontdekkingsreis langs bijzondere gebouwen, kunstwerken en straten in de Friese hoofdstad.
 
In de dichtbundelreeks Poëtisch Groningen, Poëtisch Amsterdam, Poëtisch Utrecht en Poëtisch Rotterdam is er nu ook een Leeuwarder editie. Arjan Hut, in zijn hoedanigheid als stadsdichter, heeft voor dit project bekende en minder bekende Friese dichters gevraagd om een gedicht te maken over een voor hun speciale plek, in of nabij het centrum van Leeuwarden.… Lês fierder

Andries Miedema

Mandelstam: ‘As in mearstimmich famkeskoar, ynbannich mongen,’

logo.ensafh

As in mearstimmich famkeskoar, ynbannich mongen,
sjonge de tsjerken, iders mei syn eigen klank.
Ik sjoch yn stien de rûne wynbraubôgen fongen
fan de Oespenskikatedraal, sa heech en rank.

Ik seach fan de troch aartsingels fersterke wâlen
fan wûnderbare hichte gâns de stêd oerdel.
Ik waard troch smert yn ‘e Akropoalis dêr oerfallen
om al dat ik ta Ruslâns namme en skientme tel.

Ik sjoch it wûnder fan in hôving yn in slomme
dêr’t yn it swurk de dowen koere tsjin it blau,
dêr’t troch in non de âlde sangen ta ús komme,
sierlike Oespenskikatedraal – Florence yn Moskou.

Tusken dy fiifkoepelige prûze katedralen
dy’t Italjaansk en tagelyk sa Russysk binne,
sjoch ik Auroara hjir opnij op ierde dalen,
mar dan yn bûnt en mei de namme fan in Russinne.… Lês fierder

Ulke Brolsma

‘Se moatte dea’

logo.ensafh
Swalkje troch Súd – Amearika

´Se moatte dea, hingje se op.´ Soks hearre je wolris in inkelde kear om je hinne. By in noflik petear yn in kafee, of by in meeting mei in ´man fan de strjitte´. Dizze kear is it net samar in ´man fan de strjitte´. Nee, it is El Presidente de la Nacion, de presidint fan Peru, Alan García. Hy wol de deastraf ynfiere yn syn lân. Net foar alle misdiedigers. Sa mâl hoecht it no ek wer net. Allinnich mar foar terroristen dy´t bern jonger as sân jier fermoardzje.

Je wolle as presidint wolris wat. Garcia sit no 180 dagen yn it presidintspaleis oan de Plaza de Armas yn Lima.… Lês fierder