Geart Tigchelaar

Rely Jorritsmapriisútrikking 2019

logo.ensafh

Rely Jorritsmapriisútrikking 2019

De jierlikse Rely Jorritsmapriisútrikking wie nei in tal jierren werom yn Bears. De ûntfangst mei kofje en gebak wie yn de tsjerke, dêrnei moast elkenien nei de Ald Skoalle tarinne. Dêr wie wat betizing oer, mar nettsjinsteande siet it âld-skoalgebou oan ’e nok ta fol mei famylje, freonen, kunde, oare belangstellenden en fansels de fiif priiswinners:

Jetske Bilker mei it fers ‘Sleau mei lok’
Henk Nijp mei it fers ‘wy kinne…’
Remco Kuiper mei it fers ‘Ik miende’
Elmar Kuiper mei it ferhaal ‘Ik doch it foar dy’
Geert Nauta mei it ferhaal ‘Kimboeëwij’

Jan de Vries

Anke Boersma

De trijekoppige sjuery.

Lês fierder
Geart Tigchelaar

Fryske wyn

logo.ensafh

Dichter Geart Tigchelaar ûndernimt in fytsreis fan in moanne as fiif, seis troch Europa. Ditkear fytst er tegearre mei de faam. Hy is fan doel om foar Ensafh yn alle lannen dêr’t hja komme in proazagedicht te skriuwen. Hjirby de fyfde, dy’t yn Italië skreaun is.

Op snein 11-08-19 publisearret ensafh de folgjende ôflevering yn dizze rige.

 

 … Lês fierder

Chatrina Josty, Geart Tigchelaar

Fjouwer kear Budapest / Quatter giadas Budapest

logo.ensafh

Fjouwer kear Budapest

DE EARSTE

Hjir is it wer begûn. It hie faaks net iens perfoarst Budapest wêze hoegd. En net syn koken.
It wetter fan ’e Donau stiet op it stuit heech. Ik haw it earst yn ’e gaten wannear’t ik mei myn koffer by him foarhûs stean. Hy docht iepen, omearmet my. Goeie, hoe giet it? En in koart blauwe eagen eagenblik folstiet.
Ik moat oan it wurk, seit er en smyt my út syn koken. Ik nim de metro en stap earst út by it einstasjon, ik keapje in iisko foar mysels en meitsje in kuier, om Budapest kennen te learen.… Lês fierder