Jelma Knol

Feanwâlden, doarp fan Fryske skriuwers

logo.ensafh

Tekst fan de literêre fytsrûte, dy’t in wike lyn op 10-06-2017 hâlden waard.

De rûte begjint by it stasjon. Wy rinne of fytse nei it suden (rjochting Quatrebras), komme lâns de Mennistetsjerke en pastory, de tsjerke wêr’t de jonge Theun de Vries mei syn âlden kaam en geane dan nei lofts, De Swette yn.

It noch o sa autentike wâldhúske oan De Swette, nr. 37, wie jierrenlang eigendom fan skriuwer en sjonger Bertus Klazinga.

De beppe fan de klassikus en dichter André Looijenga wenne ek oan De Swette.

Fierderop stiet it bertehûs fan Theun de Vries, nûmer 41. Eins is allinne it foarhûs ridlik autentyk bleaun, de wente is fierder grutter makke en modernisearre.… Lês fierder

Jelma Knol

Moai waar en lange dagen

logo.ensafh

In stroomsteuring sette it deistich libben op ’e kop. Ik koe ûnder de brûs gjin hyt wetter krije. ‘Giet gas tsjintwurdich ek al op elektrysk?’ frege ik dom. In HR-kombytsjettel wol dus. Wy moasten ús de rest fan de dei daliks mar oanpasse oan it nije ûngeriif. Gjin kofje en tee, jûns slaad mei makriel iten, want al dy bedjerlike dingen út de iiskast moasten no op. Even nei Doevedans yn Burgum mei de fraach oft er noch in lint lizzen hie foar de Adlertypemasine (myn laptop is net te fertrouwen, dy slacht samar út), nei de piteroaljeboer om fulling en in nij kouske foar it âlde piteroaljestel, ensafuorthinne.… Lês fierder

Jelma Knol

Resinsje Meindert Bylsma ‘En dêr marsjearje ik hinne’

logo.ensafh

It jonkje op it omslach fan Meindert Bylsma syn novelle En dêr marsjearje ik hinne sjocht de lêzer in bytsje skou en ôfwachtsjend oan. Yn ’e hân hat er twa kreaze skuon: wêr sil dat hinne?, tinkt de lêzer. Mar wêrom marsjearend?

Bylsma makket dat dúdlik oan ’e hân fan syn autobiografyske oantinkens, dêr’t syn militêre tsjinsttiid sintraal yn stiet, mei ynbegryp fan in skoft yn Dútslân. Mar syn bernetiid en de reade achtergrûn fan syn pake en âlderlik hûs komme ek oan ’e oarder. De skriuwer skeakelet fernimstich om fan de iene nei de oare perioade yn syn libben, gauris mei in kaaiwurd (bygelyks sneuvelje) as brechje.… Lês fierder

Jelma Knol

Bonke-Bonkefeart

logo.ensafh

Mei Jan Koster fan Omrop Fryslân haw ik begrutsjen. Echt wier. It sil jo mar oerkomme, al dy sneue berjochten yn de LC en de Volkskrant en op Facebook, oer lekke, te plak sette en op non-aktyf stelde meiwurkers, wylst jo it eins sa goed miene. It ynterview mei Pier Abe Santema, hjoed (11 maart) yn de Ljouwerter Krante, joech in treflik byld fan de sitewaasje. Koster kin allinne mar yn managementbegripen prate. It giet om it belied, no? Jo hawwe mei-inoar in mienskiplike koers útset by Omrop Fryslân en dan past it net om nei bûten ta krityk te fentilearjen.… Lês fierder

Jelma Knol

Neiskrift

logo.ensafh

Neiskrift, de brievewikseling tusken Marga Claus en Aggie van der Meer út 2011-2012 oer libben en rou koart nei de dea fan harren echtgenoaten, kaam earst okkerdeis op myn lêstafel telâne en hat my yn alle opsichten ferrast. Earder waard de roman fan Marga Claus Kompleten (2013) al publisearre; yn 2011-2012 begûn se mei it skriuwen fan dat boek oer in pastoar yn Brazilië en de sykte en dea fan har man Hans. De ferwurking fan de jierrenlange perioade fan Herman van der Meer syn sykteproses – hy hie Alzheimer – kinne wy ek út it wurk fan Aggie, bygelyks út it moaie gedicht ‘Inkeld noch ferlangen’.… Lês fierder

Jelma Knol

Mogendovid

logo.ensafh

It moaiste part út Misschien Esther, de debútroman fan Katja Petrowskaja is foar my wol ‘Mogendovid’. Esther is yn Warschau, de stêd dêr’t har beppe Rosa berne is. Se keapet dêr in elpee dêr’t in davidstjer op stiet. Se koe foar dy tiid (yn de Sovjet-Uny) allinne fiifpuntige stjerren en fernuveret har deroer dat dizze stjer út seis punten bestiet. Yn Kiev set se de elpee op en har al deminte beppe fan wa’t se nea in wurd Jiddysk heard hat ‘begon opeens overmoedige liedjes in een dakloos mineur te zingen, eerst de woorden volgend, ze nalopend, daarna zonder aarzeling in gelijke pas en plotseling op de woorden vooruit, vrolijk en overhaast, en ik luisterde naar haar met hetzelfde ongeloof als waarmee ik de mogendovid op de lp had afgetast.’… Lês fierder