Geart Tigchelaar

Mei in Weltschmerz-sigaarke yn ’e mûle de wrâld beloaitsje

logo.ensafh

Ferline jier is by Hispel de nije bondel, in echte Fries, fan Bartle Laverman ferskynd. Der steane ek in tal skilderijen fan syn hân yn, fandêr de ûndertitel gedichten & schilderijen. Nee, it is gjin tikflater, it stiet der mei ‘sch’, dus op syn Nederlânsk. De reden dêrfoar is grif om’t alle wurken in Nederlânsktalige titel drage. By de earste twa gedichten soest noch in beskate ferbining sjen kinne mei it byprinte skilderij. Mei de oare skilderijen is dat dreech, sels mei in sterke mjitte oan goede wil. Mar wêrom soe dat ek moatte? De bondel jout gewoanwei in bewiis fan it artistike kinnen fan Laverman.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

De Sealterske Rely

logo.ensafh

Ofrûne wike haw ik wer in pear dagen te fytsen west. Ditkear mei de faam nei Sealterlân. Mei’t wy beide ynteressearre binne yn it Frysk en meartaligens en beide noch nea yn Sealterlân west hienen, waard it dus tiid en gean dêr ris hinne.

Tafallich dat wy hoholden by in Tankstelle yn Skäddel/Scharrel mei’t ik nei it húske moast en de faam bûtendoar ûndersteande poster seach. It die ús tinken oan de Sealterske Rely. Utskreaun troch de Seelter Buund dy’t syn sit hat yn Friesoythe. Dêr hawwe wy lykwols net west, en op ynternet is der suver neat oer te finen.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Johnny Boy

logo.ensafh

Hy skôget troch it feale rút de strakblauwe loft dêr’t nea net ris in wolkje trochhinne glidet. In fêste konstante, sa’t alles tsjintwurdich konstant is. Like bewegingsleas as de Mediterraanske See dêr’t er alle dagen wer op útsjocht.
Syn lofterhân giet omheech om’t er in haal oan syn sigaret dwaan wol as er him betinkt dat er yn dy hân it bierfleske hâldt. Normaliter hat er it oarsom. Mei bleate fuotten stiet er op it swilk. Hy hat oars net oan as syn slopwosken grauwe himd en koarte blokjespiamabroek. De radiator gûnzet om it appartemintsje te foljen mei waarmte sadat syn Spaanske bloed net noch mear ôfkuollet.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

de kapsters fan ’e âlde lts oan de nijlânsdyk

logo.ensafh

tusken de spegels yn lis ik
om harren hinne
de noasje fan plôken hier
in swym sjampoo
en it drokke tsjotterjen

deselde ekster op it platdak
leit krekt nei acht jier anty
kreaket it izeren bêd fan marktplaats

mei útsjoch op útstalde etalaazje
poppen fan minne en sjouke
de oanwaaikat

fan gleone hannen en fuotten
oars net nedich as in smoarch
lekken bewuolle yn ’e ivichheid
fan de lange sneintemoarn

Foto Pieter Postma. Mei tank oan Minne Hoekstra, Natuermuseum Fryslân

Lês fierder