
Gjin better wapen tsjin ferjitnis as in monumint yn moarmer, mar tombes binne út ’e tiid en in prealgrêf rûkt nei lang fergiene adel. Net ien wit wa’t ik bin en dy’t myn namme kenne, wenje oan myn strjitte yn in doarp fan neat of it meast beskieden stedsje fan de alve. Dêr ha se my stean sjoen yn it finster fan har blauwe enveloppen, op ’e wite sluven fan har kryst- en jierdeikaarten, en kwattelen my jierliks del op ’e earste side fan wer in nije bûsaginda. Mar papier ferliest terrein, wat ik, fjildhear, festinggelearde en útfiner fan myn eigen mortier, al iuwen earder die.… Lês fierder