Martsje de Jong

Gummybearkes

logo.ensafh

Sûnt in skoftsje bin ik yn ’e ban fan it spultsje Mahjong, dat ik ophelle ha út de Google Play store. As ik efkes neat om hannen ha kin ik it net litte om in pear potsjes te spyljen. Sterker noch, as der wat op it spul stiet, ekstra gouden muntsjes bygelyks – dy’t gjin sint wurdich binne, mar och, ik bin frijwat kompetityf ynsteld – dan kin it sels barre dat ik op it húske trochspylje. Djip tryst eins, mar it tûke beleanningssysteem docht by my sûnder mankearjen syn wurk. Hawar, ik ha der in bulte wille fan.
Al wat lestich is de reklame dy’t ik foar elk nij potsje útsitte moat ear’t ik begjinne kin.… Lês fierder

Martsje de Jong

It frije wurd?

logo.ensafh

Eins hie ik der net oer skriuwe wold. Der wie al te folle oer skreaun en sein. Elk hie der fan syn as har eigen kant oerhinne miigd. Lykas mei alles tsjintwurdich wie de wrâld ferdield yn twa kampen dy’t inoar om it fûlst bestrieden. En ja hear, it duorre net lang, of dejingen dy’t ‘foar’ wiene waarden útmakke foar oergefoelige, linkse woke-lju, doochnoazen en mear fan soks. De tsjinpartij waard, alhiel neffens de jildende moares, útmakke foar wappy, antyfakser, rjochts-ekstremist, FVD’er – dat is sûnt maart 2020 ek in skelwurd – en uteraard ek foar Poetin-versteher. Ik betink dit net, wie it mar sa’n feest.… Lês fierder

Martsje de Jong

Moalpûde

logo.ensafh

Dizze wike in berjochtsje yn it nijs: de wurknimmers fan it streekferfier sille op ’e nij stake, want der wurdt net reagearre op harren CAO-foarstel. Ik flokte, want de ellinde fan soksoarte aksjes – en dêr ha der nochal wat fan west it ôfrûne jier – komt altyd del op de skouders fan dy’t ôfhinklik binne fan datselde iepenbier ferfier. En dat binne net de lju dy’t de leanen betelje. Dyselden sitte heech en drûch achter in buro en sjogge hannewriuwend nei it spinpoatsjen fan de wurknimmers. Te krappe tiden om de rûte te riden, sadwaande gjin tiid om te pisjen of kofje te drinken en dat ek nochris foar te min sinten, want ja, de ynflaasje.… Lês fierder

Ludvig Søfting, Martsje de Jong

Bea / Bøn

logo.ensafh

 

Bea

Kom stillens, kom iensumens,
kom stillens, kom iensumens.
Bergje my yn dyn skerte
en lit myn tinzen klearens fine.
Sykjend om antwurd bliedt my it herte,
fan alles op ierde,
wat winst is dinent?
Kom stillens.

Kom stillens, kom iensumens,
Kom stillens, kom iensumens.
Jou my dyn mylde doop
Sa dat elke senuw
lûdleas my trillet.
Jou my hope,
in takomstdream,
en myn each stoarret net yn legens fersille.
Kom stillens.

*

Bøn

Kom stilla, kom einsemd,
kom stilla, kom einsemd.
Gøym meg i din favn
og lat min tanke klårleik finna.
Mitt hjarte blør av ukjent svar,
av alt på jord,
kva er det du vil vinna?… Lês fierder

Martsje de Jong

Kompleten – it mystearje fan libben, leafde en dea

logo.ensafh

Kompleten is in boek dat oan alle einen en kanten bol stiet fan symbolyk en rituelen. It binne eins trije ferhalen yn ien, in trije-ienheid dus. Ferline, hjoed en takomst spylje in rol. It ferline bestiet út brieven fan in pater fransiskaan yn Brazilië, it no is foar de ik-figuer yn in benediktiner frouljuskleaster en de takomst beskriuwt de sykte en it ferstjerren fan Jens, de man fan de ik-figuer.

It is de ivige syklus, de lemniskaat, de lizzende acht: ferline oan ’e iene kant, takomst oan de oare en yn it krúspunt it hjir en no. It is dizze lemniskaat, de 8, it getal fan de folsleinens, it figuer dêr’t gjin begjin en ein oan is, dy’t troch it boek hinne hieltyd werom komt en nea yn letters skreaun wurdt, sadat de ûneinigens sichtber oanwêzich bliuwt.… Lês fierder