Fang Gan, Piter Boersma

op trochtocht yn Shenzhou

logo.ensafh

hjir binne tsientûzenen omkaam
mar inkelen hat it swurd net naam
sûnt koart komt wer reek út ’e hutten
by de bern binne noch gjin grutten

troch âlde beammen waait kâld de wyn
yn ferlitten forten glimwjirmskyn
in ûnôfsjenbere woastenij
wer helder is de rivier as nij

oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Fang Gan stoar om 888 hinne.)Lês fierder