Ate Grypstra

Ynkantaasje

logo.ensafh

it swurk hinget swier as fertriet oer it fjild
it ivige griis kringt hjir gûlend yn ’t grien
de blêdleaze beammen sy bidde yntins
mei útstrekte klauwen en smeke om kleur

druide wol ’k wêze, bedwelmje de wrâld
mar spreuken fan simmer dy noaskje my net
gjin magyske maitiid lit ’k los op dit lân
ik slach it mei sniejacht, beklaai it mei kjeld

o Noardlike Naasje, hear goed nei myn lûd
myn Fryslân befries wer, wurd Winterryk hjoed… Lês fierder

Ate Grypstra

De mind games fan Wobbe Atsma

logo.ensafh

Yn syn debútbondel It liket op fleanen (2006) betoant Wobbe Atsma him in rasferteller. Lykas syn kreaasje Liuwe, de haadpersoan út it ferhaal ‘It reade gefaar’, wit de skriuwer syn publyk yn ‘e besnijing te hâlden mei keunstige fertelsels. Fan Liuwe wurdt sein dat er in ‘rike fantasy’ hat en dat er mei syn ‘byldzjende ferhalen’ de minsken ‘bêst fermeitsje’ kin (s.59).

Yn dat opsicht soe Liuwe dus samar in alter ego fan de auteur wêze kinne. Ommers, at it op byldrike fertelkeunst oankomt, lit Atsma fuort oan it begjin fan ‘e bondel al in sterk staaltsje fan syn kinnen sjen.… Lês fierder

Ate Grypstra

Besite

logo.ensafh

in huvering lûkt troch de bosk
it wetter wurdt spegeljend flak

gjin fûgelflecht mear no, in mosk
sit triljend yn it fearrepak

wa rint dêr troch it blêdedak
wat dûnset dêr om op ‘e mar

it spoeket

            in skym

                        seachsto har… Lês fierder

Ate Grypstra

Dwylsin, in minderke

logo.ensafh

“Dus at ik it goed begryp woenen jo wolris wat oars?”

It lytse mantsje dat tsjinoer de yntersedint fan it útstjoerburo sit, knikt.

“En jo hawwe jo ek al ynskreaun by it arbeidsburo?”

Wer in knikje.

“O nee, wy moatte op ’t heden CWI sizze, no? ‘Centrum voor Werkzoekende Individuelen’… Wat in namme, net? See-wee-y, hoe komme se derby? Haha… Mar goed, ik ha my fertelle litten dat de Stjerliken deselde ôfkoarting brûke. It bekt foar gjin meter, fyn ik. Wat tinke jo derfan?”

It keardeltsje lûkt ris oan ’e skouders. “Och…”

“No, ik fyn ’t mar neat. Jo moasten ris witte hoefolle jild der tsjinoan goaid is om dat logo te fernijen en sa.… Lês fierder