
Ik wie ûnwennich fan it ynterviewen foar de F-side. Dat ha ik jierren dien en dat ha ik altyd hiel moai wurk fûn om by elk oer de flier te kommen en him of har fan alles te freegjen. Mar it wie gauris sa, dat as ik myn opskriuwboekje yn ’e tas hie en de jas al heal oan, dat dàn de werklik moaie ferhalen kamen. Dêr koe ’k net in kant mei út, want dêr wie ’k net foar op ’en paad stjoerd.
By dit boek koe dat àl: ik hoegde in politika net oer har wurk te ûnderfreegjen, it stie my frij om it oer hiele oare dingen te hawwen.… Lês fierder