Rieuwert Krol

Iensume bylden of bylden fan iensumens – Oantekenings oer de resepsje fan Sjoerd Spanninga

logo.ensafh

Der is net in protte skreaun oer de dichter Sjoerd Spanninga. Wat der al skreaun is bestiet foar in grut part út resinsjes. No’t yn 2007 troch Jabik Veenbaas en Abe de Vries mei de blomlêzing Indian Summer in kar út it dichtwurk fan Spanninga makke is, is it nijsgjirrich en besjoch in pear mieningen oer dizze noch altyd net goed te pleatsen poëzij.

Yn it stik ‘Spanninga en it kwea’ (yn Identiteit en kowesturten) skriuwt Abe de Vries dat it hiele dichterskip fan Spanninga ta in skyld wie fan syn skrutene hâlding foar de wrâld oer. Syn hâlding wie neffens de Vries in loyaliteit oan de muze.… Lês fierder

Rieuwert Krol

Hokker doel tsjinnet de tradysje? – Oer de wurdearring fan de Fryske poëzij

logo.ensafh

Op rubryk ‘Poadium’ fan ensafh (‘De wurdearring fan poëzij fynt plak yn ’e diskusje – oer De spegel en Het goud’op 31 maart 2009; sjoch ûnder Auteurs) skreau Abe de Vries in polemysk stik oer de diskusje oer de twade, útwreide printinge fan De Spiegel van de Friese poezie. De Vries syn krityk op de gearstallers fan ‘De Spiegel’ is dat se gjin ferantwurding fan har kar yn de bondel opnommen hawwe en dat de diskusje oer de Fryske poezij dêrtroch net stimulearre wurdt.�
In diskusje sa as Abe de Vries dy wol is moai en nedich. Dat der troch de gearstallers net iens besocht is om in fatsoenlike ynlieding by har kar te skriuwen seit eins al genôch.… Lês fierder

Rieuwert Krol

Lûden en bylden

logo.ensafh

Wa’t sa’n direkt ferbân tusken tate en whisky leit as Sytse Jansma docht, dy moat hast Freud wol lêzen hawwe, mar wa’t de debútbondel Wa’t tate seit moat ik whisky sizzze fan Jansma lêst, sjocht direkt al datst om Freud yn dizze bondel net hoechst te sykjen. It tilt op fan hiel oare nuveraardichheden as de âld neurolooch út Wenen. Dochs hast him miskien wol nedich om de soms hast net te begripen assosjaasjes fan Jansma betsjutting te jaan. Wat it meast yn it each springt binne lykwols neologismen dy’t my net altiten in protte sizze en dêr’t ik net mear as in spultsje mei lûden efter mien te sjen.… Lês fierder

Rieuwert Krol

Om wat foarfallen is – Oer Angel fan Tsead Bruinja

logo.ensafh

Tsead Bruinja hat twa dichtkarriêres. Ien yn it Nederlânsk mei Dat het zo hoorde (2003), Batterij (2004) en Bang voor de bal (2007), en ien yn it Frysk mei De wizers yn it read (2000), De man dy’t rinne moat (2001), Gegrommel fan satyn (2003) en Gers dat alfêst laket (2005). Net allinnich is de taal in ferskil ek de toan, de styl en ûnderwurpen binne oars yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Miskien wie dat in ûntwikkeling dy’t no ta in ein kommen is mei de lêst ferskynde bondel Angel. Hjir liket de oersetting in oare (taal)ferzje fan itselde gedicht te wêzen en net mear.… Lês fierder

Rieuwert Krol

De regionale Australyske roman fan no

logo.ensafh

De nijste roman fan Tim Winton Breath is yn Nederlân al in moanne as acht yn oersetting as Adem yn ’e winkel te krijen. Yn Fremantle, it plak dêr’t Winton wennet en wurket, leinen grutte steapels mei syn hantekening foar 35 dollar (17 euro) yn ’e boekhannel. Winton is in wiere local hero. Hy hat in hiele rige boeken skreaun en begûn al frij fluch mei skriuwen fan romans en ferhalen dy’t goed ferkoften. Dat wie ek nedich want hy moast der fan libje.

Yn West-Australië is it plak dat regionale literatuer ynnimt yn it kulturele libben grutter as yn Fryslân.… Lês fierder

Rieuwert Krol

Wat no: wer in konformistyske Riemersma?!

logo.ensafh

Riemersma is de ferneamdste skriuwer fan Fryslân. Hy wûn mei syn magnum opus De Reade Bwarre de Gysbert Japiks priis en begûn syn karriêre as skriuwer mei Fabryk yn ’ ’e jierren sechtich. Syn hiele oeuvre lang boartet er mei de ferwachtings fan de lêzer. Noch altiten skriuwt er gjin ‘gewoane’ romans, al wolle sommigen hawwe fan wol. En al liket er mei dizze novelle tichter by ‘gewoane’ romans yn ‘e buert te kommen as ea. Op it earste gesicht liket de lêste novelle fan Riemersma in gewoan ferhaal: der wurdt net mei fertelstim, fokalisator of mei oare eleminten út it ferhaal boarte, sa as de lêzer fan Riemersma wend is.… Lês fierder

Rieuwert Krol

In literatuer sûnder ein

logo.ensafh

By útjouwerij Venus binne twa moaie bondels ferskynd. Hoe binne de helten fallen en De kul oer it skouder. De earste giet oer de affêre Bauke de Jong en de twadde oer Quatrebras as nij tydskrift.

De skiednis fan de resepsje fan literatuer kinst hiel goed sjen litte oan ’e hân fan de kritiken sels. Kinst ek better sjen hoe’t dy grutte skriuwers eins tochten en foaral skreaunen oer nije ferskynsels. Faak docht dan spitichgenoch bliken dat de tinkkrêft fan de âlde skriuwers benêfter bliuwt.

Yn 1965 hat Bauke de Jong syn ferneamde artikel skreaun dêr’t er Folkertsma as antysemyt yn ûntmaskere of beskreaun hat.… Lês fierder