Geart Tigchelaar, Tsead Bruinja

Nei oanlieding fan de ynauguraasje fan Tsead Bruinja as Dichter des Vaderlands

logo.ensafh

Op 23 jannewaris lêstlyn waard Tsead Bruinja offisjeel ynaugurearre yn it nommele amt fan Dichter des Vaderlands. Hy mei dy funksje twa jier lang ferfolje. Tsien jier lyn wie er ien fan ’e nominearren, mar waard Ramsey Nasr Heitelânsdichter. Ditkear waard er hifke oft er it no wurde woe, sa fertelde er oan in seal fol freonen, famylje, kollega-dichters en oare belangstellenden. Blykber hie de dichter ôfkomstich út Rinsumageast dêr wol earen nei.
Bruinja is in ferneamde namme yn sawol it Frysktalige as it Nederlânsktalige dichtersmiljeu. Hy is net allinnich ferneamd troch de kwaliteit fan syn poëzy, mar ek trochdat er faak en graach op it poadium stiet, syn wurk yn de iepenbiere romte te finen is en dat er de sosjale media noch better wit te brûken as de Amerikaanske presidint.… Lês fierder

Mads Mygind, Geart Tigchelaar

Mads Mygind

logo.ensafh

https://www.youtube.com/watch?v=2TeUK0oqOoc

 

Dichter: Mads Mygind
Kamera, bewurking en ûndertiteling: Geart Tigchelaar

De twadde út in rige koarte filmkes dêr’t Deenske dichters yn oan it wurd komme oer wat it foar harren betsjut om dichter te wêzen.

*

it is moarns
dat ik besykje om wekker te wurden
wêrom skynt de sinne
wêrom skadet de moanne
ik sammelje myn tosken yn ’e mûle, de boaten yn de haven
skyt op in hendikept húske om my befoarrjochte te fielen
fyn twa asperines yn myn kontbûse
in pineholle dy’t ferdwynt
it is moandei
in ferskuorrend soad
op de rûnwei
slacht in sike-auto de sirene oan
de tillefyzje jout keunstmjittich azem
oant op ’e dei fan hjoed
dy’t harren útstrekke
loai as in hûn
ik sjoch Tour de France
it fjild is in iezing swimmende hjerrings dy’t ik
wider wurden en wer byinoar lûken seach
lykas de tumor yn ús beppe har mage
yn myn famylje gean wy dea oan kanker
dat hawwe wy al generaasjes lang dien
sa is it oan ús om de dagen yn te foljen

Oersetting Geart Tigchelaar

 

det er morgen
jeg forsøger at vågne
hvad skinner solen for
hvad skygger månen for
jeg samler mine tænder i munden, bådene i havnen
skider på et handicaptoilet for at føle mig privilegeret
finder to Panodiler i baglommen
en hovedpine der forsvandt
det er mandag
vildt meget
oppe på ringgaden
slår en ambulance ud i en sirene
fjernsynet giver kunstigt åndedræt
til de her dage
der strækker sig
dovent som en hund
jeg ser Tour de France
feltet er en sildestime jeg så
udvide og trække sig sammen
som svulsten i min mormors mave
i min familie dør vi af kræft
det har vi gjort i generationer
så er det op til os selv at fylde dagene ud

 … Lês fierder

Ap Kivinen, Geart Tigchelaar, Elmar Kuiper

De nacht fan de katten / Kissojen yö

logo.ensafh

1.
de stêd is play off –arena
nei middernacht
power play, hoefolle mear ekstra tiid

learzens mei hakken klopje
froulju spylje
harren ritueel
derefter harren susters
minsklik skyld op it marktplein

ik moat it by my hawwe
myn mojo
sa gau’t ik it yn ’e hannen ha
fiel ik my feilich

koplamp fan de nachthimel, beljochtet
it haadstrjittesyndroom, cul-de-sac
hagediskening bewiist dat
de einleaze finale sprint ûndraachlik is

hoe bot wurd ik rekke
troch de sjirurgen, gitaarspilers, timmermanshannen
moat in nije sensaasje hawwe

2.
nim myn legere skoallementaliteit mei
nei de nachtklup
nimmen harket
wachtsje op harren beurt
efter de doar mjukst immen
de tongen
flugger
in binde yn ’e rige, wurd nerveus
fluch
kappe no, jim gekken
swierrichheden by it oanlûken
it koarjen en stinnen op it húske
krekt as by gymapparaten
dêr’t de oar it ritueel útfiert
mear freedsum
yn it skaad rôlet immen
it krûd
tusken bibeltinne pagina’s
ôffier is ferstoppe, floed oer de flier
gjin etikette, gjin voucher
lit ús passyf wêze as de bliksem
hjir is de foai
fan de skjinmakker fan dizze binde
lit ús nei myn plak gean
om stúdzje te meitsjen fan de metamorfoaze
en de foarm fan de amoebe

3.… Lês fierder