‘Troch de skodoarren’ is in rubryk, dy’t oait alris yn ’e papieren ferzje fan Ensafh ferskynde en as doel hat de lêzer yn ’e kunde te bringen mei benammen Frânske poëzy.
Yn dizze earste online-ôflevering omtinken foar Jean de la Fontaine mei syn ferrassend aktueel bleaune fabels. Sa liket neikommend fragmint út ‘L’âne vêtu de la peau du lion’ op it liif skreaun fan guon hjoeddeiske politisy:
De ezel klaaid mei liuwehûd
Ferspriedt oeral eangstme en haat,
En ek al ûntbrekt it him oan moed,
Dochs trillet elts op syn paad.
Ik sjoch it grêf fan La Fontaine as ik begjin oktober op it sfearfolle Parise tsjerkhôf Père-Lachaise omdoarmje, dêr’t ek Oscar Wilde en Jim Morrison in lêste rêstplak fûnen.… Lês fierder
