Henk Wolf

De klap

logo.ensafh

Yn ‘e keuken gûlde mem. Meike kaam oerein. Se moest der mar efkes hinne. De Barbies hie se doch gjin nocht mear oan. Se krige dy stomme fuotten der mar net rjocht ûnder. En dy domme troelen seagen har dan ek noch sa ûnnoazel oan. Altyd mar gnize. Se woe gjin Barbies mear. Eins fûn Meike harsels al wat te grut wurden foar Barbies. Se wie in grut famke, dat har memmy treaste soe.
‘Net gûle, memmy,’ sei se. Se streake mem sêft oer de rêch. Doe gong de doar iepen. Dêr stie heit. Hy seach mem en Meike efkes oan.… Lês fierder

Henk Wolf

Fragmint

logo.ensafh

Direkteur Taribary wie net in praatsk man. It measte lipwurk die syn adstint, de jonge Goerigok, foar him. No sweien beide manlju lykwols. Se sieten njonkeninoar op it foarkret fan in rykrakkige kapwein, dêr’t in bulte barten op loege wie.

‘Sjochst de himel?’frege Goerigok, dy’t in soarchlike trek om ‘e mûle hie. De oare knikte.

‘Ien jûntiid en dan fuort?’

Fannijs knikte syn prinsepeal. Hy bloes in kringeltsje sigarereek út. ‘Op syn heechst,’seid er.

Se swaaiden in dwerspaad op. Slierslakjend kaam de rest fan ‘e staasje nei. Fjirtich wenweinen, ferdekken en karren, de measte útsakkerich, opskroarre en kreakjend, toatelich mar fleurich opferve, soeiden mei de stadige stap fan skuilige brune en swarte hynders op Emsterskar yn.… Lês fierder