Octavio Paz

Peatón / Fuortgonger

logo.ensafh

Octavio Paz (1914-1998) is in Meksikaansk dichter, skriuwer en diplomaat, dy’t yn 1990 de Nobelpriis foar de literatuer wûn hat. Hy wurdt dan ek neamd as ien fan de wichtichste en ferneamdste skriuwers út de Spaansktaliche wrâld. Dêrom wie dit ek de earste dichter wêr’t ik oan tocht doe’t Geart Tigchelaar, ien fan de redaksjeleden fan ensafh, my frege at ik tidens myn ferbliuw yn Meksiko wat Meksikaanske poëzij oersette woe nei it Frysk foar ensafh. Ik haw dêrom in seleksje makke fan trije gedichten út in sammelbondel fan Paz. Ik ha keazen foar gedichten dy’t my oan de iene kant it measte oansprutsen, mar oan de oare kant kwa grutte ek geskikt binne foar dit doel.… Lês fierder

Skermer

De hannen (en earms) fan Kokoschka

logo.ensafh

Ynienen tink ik der oan. Jierren lyn seach ik op in útstalling fan wurk fan Oskar Kokoschka yn de Kunsthalle yn Emden ek in tal fan syn portretten en selsportretten. It foel my doe op hoe prominint it plak wie dat de hannen en earms ynnamen, krúslings en grut foar it boarst lâns of op in oare wize.

Ik besef wer dat hannen – myn eigen net iens – net myn spesjale belangstelling ha. Ik brûk myn hannen en sjoch der fierders net nei om, no ja ik waskje se en knip de neilen. Ik soe myn hân net beskriuwe kinne, ek net dy fan myn frou, wol dat se faak as se praat de hannen derby brûkt.… Lês fierder

Edwin de Groot

Weerribben

logo.ensafh

Ut ’e wyn lês ik dat by Bloksyl de maityd ynslein is, grienstoppele
beammeguod sêftgrien de eksploazje rûzemuozzet.
J.C. Bloem leit in eintsje fierderop bedobbe, earne
wurden as sompich en himelspegeljend oer ribben waaie.

Wat hichte hat, hjit al gau fan dyk, somtiden sels wat mei kaal en berg
of soe der in beammegrins wêze. En alpenweiden mei fee, gjin reid
mar dikbillen by Blankenham en hoannen
dy’t kening kraaie oer tsjernjende oksen.

’t Is bûter oan de galge. ’t Is neven en fytse, flokke
op smelle brechjes wachtet oktober
en ûnthjit in roerleas bestean. … Lês fierder

Willem Winters

Sebrafinken

logo.ensafh

Wat in grouwélige idioaten om yn in drok kafee in kouwe mei 50 sebrafinken iepen te setten. Mei de dronken kop!
Sebrafinken noch wol. Sebrafinken binne de leafste fûgeltsjes dy’t ik ken.
Froeger al, doe’t ik noch op skoalle gong, hie ik in pearke yn in foliêre makke fan in âld dressoir. Dy bistkes wiene altyd sa tierich, it wiene ek hiel goeie brieders. Yn in omsjoch hiene se in nust mei aaien, gongen der om bar op sitten en dêr kamen de jonkjes al.
Prachtich fûn ik dat hiele proses.

Neffens de krante, it wie febrewaris, hie de kafeebaas de finkjes loslitten.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

It komt fan de maitiid.

De nije ôflevering fan ensafh is der wer. En der binne noch Fryske skriuwers genôch om sawol libbene en nijsgjirrige ôfleveringen foar ensafhynternet en ensafh op papier te meitsjen. It is sels sa dat der troch dy twa ensafhmedia folle mear publikaasjeromte foar de skriuwers is as in pear jier lyn.

Sa net, soms slacht de panyk dochs even ta, dan tink je, ha wy noch Fryske skriuwers en dichters fan tusken de 20 en 30. Op ’t stuit oppenearje har mar ien twa. Miskien binne der mear mar ensafh merkt dêr de lêste tiid net folle fan.… Lês fierder

Nûmer 2 fan ensafh op papier is út

logo.ensafh

It twadde nûmer fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

ensafh-2010-2-web

Ynhâld ensafh 2 yn print

3 Redaksjoneel

4 Sytse Jansma
Ald kokosfabryk harns
in byldbuis rûst mei hoarten

6 Bartle Laverman
It sturtsje

18 Cornelis van der Wal
Amme Maria

19 Mette Meinou Piebenga
Ikamea en Eboku (besprek Om it libben fan Harmen Wind)

22 Jacobus Quiryn Smink
Sometimes Afraid

23 Jelma Knol
Ik, Anna, in anty-mearke (oer Ik, Anna fan Lida Dykstra)

26 Yttje Cnossen
Winter

27 Janneke Spoelstra
‘Dat vrouwen proberen uit hun underdog-positie te
komen, vind ik prima’
(oer it wurk fan Hylkje Goïnga)

41 Beart Oosterhaven
By de dea fan Fêdde Bos
Klassike rock

43 Hendrik Elings – Tekening

44 Anne Feddema
Ald testamintysk liet foar ien sprekker

45 Date Salverda
De begraffenisgonger

58 Teije Idzardi
Oer de deade

61 Geart Tigchelaar
Bestowing

62 Foppe Venema
Troch de skodoarren: Tristan Corbière (1845-1875)

Redaksjoneel

Der binne fan dy wurden dy’t in skoftsje slim yn ’e moade binne, lykas ‘toppie’ en ‘cool’.… Lês fierder