Wy binne wer thús. Fryslân, lân fan Friezen, of sjoch en harkje nei de fize, ynsinewearjende mar krekt net planút stellende ynternettekstkes fan Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus, de Jut & Jul dy’t inoar neipratend ivich en altyd en oeral it brune gefaar sjogge, it nasjonalisme dat út ’e bocht fljocht, it rassisme dat om ’e hoeke klear stiet. Mar gelokkich is it FAFK alive & kicking.
It nijste slachtoffer fan dit duo – dat syn praktiken mar gewoan útoefenje kin op it worldwideweb, sûnder replyk te krijen, sûnder in wjerwurd, sûnder in spoar fan in troch har ferûnderstelde ‘Fryske Mienskip’ dy’t der wat tsjin yn bringe kinne soe – is de alsidige keunstner Gerrit Breteler út Nes.… Lês fierder