Henk Nijp

Fraude

logo.ensafh

Ik moast om njoggen oere komme. Yn Ljouwert op ’e Holstmarwei, ja, it plysjeburo. Net dat ik wat misdien hie of te hurd riden of sokssawat, nee, ik wie yn ’e falle rûn fan cyberkriminelen.

In wike earder hie ik dwaande west om de kompjûter nei te sjen en de oerstallige bestannen op te rêden. De mailboksen sieten ek aardich fol, dat dêr koe wol wat út. In goed begjin fan it nije jier, is’t net sa. Neitiid hie it mailprogramma frjemde kueren, dat ik belle mei de ôfdieling consumer-support. En nei in skoft hinne en wer praten en meisjen op myn skerm kaam alles wer yn oarder.… Lês fierder

Teleks: Wjerklank 22 (2018) fan it Obe Postma Selskip stiet online

logo.ensafh

ynhâld:

Obe Postma Selskip – It wurk as feriening sit der op
Obe Postma Dagen 2018
De gedichtemiddei
Oanbieding earste eksimplaar SELECTED POEMS
Obe Postma-dagen – poëzy- en literatuerkuier
Poëzy fan Obe Postma op muzyk
Boekpresintaasje: Obe Postma – In libben dat bloeide nei syn aard
Besprek Selected Poems
In frjemde skildersman wol Saske ha
Postma Biografy Dreaun fan ierde’ dream
De 150e bertedei fan Obe Postma

Wjerklank 22 (2018) Download (pdf)… Lês fierder

Teleks: Leden Sis Tsiis prate oer aksje tsjin de Afûk

logo.ensafh

De Afûk is by in protte minsken bekend as de organisaasje dy’t opkomt foar de Fryske taal. De organisaasje yn it skaad fan ‘e Aldehou yn Ljouwert organisearret kursussen Frysk, hat in Fryske boekhannel en docht noch folle mear om de Fryske taal te stypjen, lykas mei de kampanje Praat mar Frysk.

Dat is lykwols net genôch, is it betinken fan guon noch fûlere Fryske bewegers op ‘e Facebookgroep Fryslân en de Fryske taal (link). Nei oanlieding fan in typflater yn de lokwinsk fan de Afûk oan de nije heitelânsdichter Tsead Bruinja oppenearren harren ferskate minsken dy’t fan betinken wiene dat de Afûk al jierren mei de mûtse nei it Frysk smyt.… Lês fierder

Aginda 25-01-19: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder