Juster gie ik dus út iten yn in pankoeken restaurant. Fan te foaren hie ik belle of glutenfrij ta de mooglikheden hearde en de jongedame dy ik oan de line hie sei dat glutenfrij gjin inkeld probleem wie.
Lês fierder by Nadie Hania… Lês fierder
Juster gie ik dus út iten yn in pankoeken restaurant. Fan te foaren hie ik belle of glutenfrij ta de mooglikheden hearde en de jongedame dy ik oan de line hie sei dat glutenfrij gjin inkeld probleem wie.
Lês fierder by Nadie Hania… Lês fierder
Yn it televyzjeyntervieuw fan Hans en Wim Anker, ferwurdet Wim (of is it no Hans?) it sa: ’Het is een zegen dat broeder en ik uit een ei zijn gekropen. ’In sêgen, ik fiel dat krekt sa. Ik kin mei al myn bruorren en sussen goed, mar mei myn twalingsus ha ik wat bysûnders, dat is net út te lizzen dat is in werkennen op sielsnivo. Dat wy sa’n sterke bân ha is prachtich, mar tagelyk makket it ek hiel kwetsber.
Lês fierder by Ypie Haitsma… Lês fierder
kreas en kwier yn it gelid rûnen wy achter juf
fan it skoalgebou nei de gymseal
net Jan
út it lead luts hy
– wy wisten net better –
doe al nei bûten, nei de strjitkant
juf rôp dan:
rjochtút rinne, sa
rjocht as kapstôkheakjes
mar Jan as heakje siet doe al te ticht op ’e râne
in lichte luchtige simmerjas al te swier
en kleaud it hout
koest it sjen
wat wisten we
oant de dei
dat de jûn earder foel
en krekt dêrfoar de earste snie

Foto: Erfgoed ’s Hertogenbosch
twa lêzings yn Tresoar
Op freed 25 jannewaris om 15.30 komme Hindrik Brouwer en Goffe Jensma te sprekken yn de Gysbert Japicseal yn Tresoar. Twa útienrinnende lêzings oer: Brouwer as heit en famyljeminsk èn Brouwer as wittenskipper en bewegingsman en de betsjutting fan Brouwer foar de Fryske kultuer en wittenskip.
Prof. Dr Jelle Brouwer (1900-1981) hat ien fan de sintrale figueren yn de 20ste iuwske Fryske Beweging west. Begûn as dichter en as meiwurker oan de Provinsjale Biblioteek, wurke er himsels troch selsstúdzje omheech. Sa waard er mei-oprjochter fan de Fryske akademy, de earste heechlearaar Frysk yn Nederlân (yn Grins), ynfloedryk direkteur fan de Fryske Akademy as organisator en oanpoener.… Lês fierder
De Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar sille yn de wike fan 11-17 maart nei it Deenske Aarhus. Hja sille dêr optrede en oersette, mar benammen mei nij wurk te set. It plan is om yn ’e mande mei Deenske dichters te kommen ta in twatalige dichtbondel dy’t meidertiid by Utjouwerij Hispel útjûn wurdt.
Aarhus wie yn 2017 kulturele haadstêd, lykas Ljouwert ferline jier. Om dy reden hat de Deenske proazadichter Carsten René Nielsen ôfrûne simmer in lytse wike yn Ljouwert taholden. Dy gearwurking wurdt trochsetten, trochdat de fjouwer dichters útnûge binne troch Aarhus Litteraturcenter om nei Denemarken te kommen.… Lês fierder
Oftraap fan de Moanne fan it Fryske boek mei Willem Schoorstra. It programma: útrikking fan it earste eksimplaar fan it Kadoboek Rosmos, master tattoeëarder Rinto fertelt smoute ferhalen en muzyk fan de Junkyard Dogs dy’t de spesy tusken de stiennen wei spylje sille.
Sjoch ek de offisjele útnoeging foar it Boekebal.
… Lês fierder
Wat in keunst ha we besjen kinnen! Mar dat is dochs net foarby no’t Ljouwert-Fryslân 2018 oer is. Fansels net! Wy ha no ommers de diskusjes oer de ‘legacy’. Dêr dogge de museums oan mei. Dat hat lykwols mear wei fan in diskusje om jild of krekt om minder jild foar te kommen as om keunst. It Frysk Museum tinkt nei oer in nije en tagelyk swevende ferdjipping, dêr’t it sa’n 20 miljoen foar nedich tinkt te hawwen. Museum Belvédère yn ’t Oranjewâld hat twa ton nedich om fuortbestean te kinnen. Museum Dr8888 wol graach de ekstra subsydzje fan 60.000 fan de gemeente hâlde.… Lês fierder