Lomme Schokker

Nijjierrinne

logo.ensafh

‘Folle lok mei it seinen.’ Frou Hoekstra fan twa huzen fierder seach ús oan en lake.
‘Wat sizze jimme?’
‘Folle lok, mei it seinen!’
‘No, tankje. Dat is aardich fan jimme. No wolle jim in suertsje, tink?’
Fansels. Dêr diene wy it om. Frans Prinsen hie my ferteld dat wy hjoed by de minsken lâns moasten om ‘Folle lok mei it seinen’ te sizzen. Dat hearde sa. Dan soene wy suertsjes krije. En Frans koe it witte, want hy ried op in brommer. Lange Frans mei it swarte hier.
‘Witte jimme heit en mem dat jim oan it nijjierrinnen binne?’
Ik seach myn broer oan.… Lês fierder

Blog Nadie Hania: De fûgel en syn freonen

logo.ensafh

Der libbe ris…. op in eilân hjir hiel fier wei, njonken noch hiel soad oare bisten, in fûgel mei in stikelbaarch en in giraffe.En se hiene in soad gemien. Se libben der mei syn trijen en wiene grutte freonen. Se dielden smert, se dielden wille mei inoar. Se hiene noed foar elkoar, as de noad oan de man wie giene se mei syn trijen de striid oan tsjin liuwen en krokodillen. Mei syn trijen kamen se de swierricheden te boppe fan honger en toarst. Se brochten alle dagen mei elkoar troch oant it nije jier oanbriek.

Lês fierder by Nadie HaniaLês fierder

Blog Eddy Drost: Hoe no fierder?

logo.ensafh

De Fryske literatuer stiet ûnder druk. Der wurde hast gjin Frysktalige boeken en dichtbondels mear ferkocht. Dochs kin ik út ‘e list, dy’t Cornelis van der Wal op ensafh.nl publisearre, konkludearje dat der noch in grut oantal boeken en dichtbondels yn 2018 útbrocht binne.

Wêrom wurde dizze boeken en bondels net goed ferkocht?

Ien fan de grutste obstakels is neffens my dat de ôfstân tusken skriuwer en lêzer taalkundich fierstente grut is.
Ik praat strjitte Frysk en as ik oan bygelyks ‘De Lêste Floed’ bejin dan stiet it swit al gau op ‘e holle. Earst mar wat oan ‘e stúdzje..

Lês fierder by Eddy DrostLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Goede foarnimmens

logo.ensafh

It is in moarntiid lykas alle moarntiden. Dat is te sizzen: jo en ik sille mear út ‘e liken wêze as oars. De kombinaasje fan te min sliep, tefolle iten en krekt dat iene glês wat net wêze moatten hie, makket dat ús tastân te ferlykjen is mei in troch in frachtwein platriden hûnedrol. Dy tastân, en de ûnbestimde dagen tusken de krystdagen en âld&nij, soarget derfoar dat in part fan de minskheid mei goede foarnimmens oan in nij jier begjint.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Jankobus Seunnenga Streekdichter Noardeast-Fryslân

logo.ensafh

Vanaf januari heeft de gemeente Noardeast-Fryslân een eigen streekdichter: Jankobus Seuninga.

Seunnenga volgt hiermee Dongeradichter Tsead Bruinja op als Streekdichter van Noardeast-Fryslân. Tsead Bruinja heeft als Dongeradichter diverse gedichten op zijn conto staan en laat zijn sporen onder andere na in de vorm van het gedicht op de gevel van Boekhandel Van der Velde in Dokkum. Op 3 januari zal afscheid genomen worden van Dongeradichter Tsead Bruinja.

Lês fierder by nieuwsbladnofLês fierder