Kollum Aant Mulder: Lokkich mei minder

logo.ensafh

Okkerwyks stie der yn de Ljouwerter krante in artikel oer de Fryske paradoks, dat we lokkich binne mei minder. Lokkich mei minder jild. Lokkich, wylst we it mear as oaren ha moatte fan sosjale foarsjenningen as bystân, Wajongregeling en maatskiplike ûndersteuning. Dat is de útkomst fan tal fan ûndersiken, ûndersiken dy’t ik ornaris op in pypfol ha. Likegoed fyn ik diskear de útkomst wol nijsgjirrich. De minsken om my hinne reagearje op dy paradoks gauris mei typysk Fryske siswizen lykas: Wy ha it bêst genôch, It koe minder en It is my sa wol nei ’t sin. Sok foarsichtich formulearjen giet ús wol goed ôf.… Lês fierder

Teleks: ‘Fakatuere adviseur Fryske literatuer’ by Tresoar

logo.ensafh

Tresoar wol him as kennissintrum op it mêd fan de Fryske literatuer fierder ûntwikkelje. Yn de rol fan bemiddeler yn it literêre fjild wol Tresoar skriuwers, literatuerûndersikers en de kreative sektor stypje. It is ús ambysje om in kennissintrum en helpdesk te ûntwikkeljen op it mêd fan fasiliteiten foar skriuwers, literatuerûndersikers en de kreative sektor yn it algemien en it organisearjen fan aktiviteiten om it skriuwen te befoarderjen.

Tresoar is dwaande om op basis fan de prinsipes ‘opjeften stjoerd wurkjen’ en ‘opdrachtjouwerskip-opdrachtnimmerskip’ de organisaasje op ‘e nij yn te rjochtsjen. De neamde ambysjes sille op basis fan dy prinsipes realisearre wurde.… Lês fierder

Twadde moannegedicht fan Henk Nijp op RIXT

logo.ensafh

‘Hjoed Henk Nijp syn twadde moannegedicht fan desimber: ‘It makket net út’. In gedicht oer de jierwiksel. It omsjen nei it jier dat ôfrint, it oereidzjen fan wat west hat, de top-safolle fan fanalles, de listkes… hast elkenien docht it, mar hoefolle sin hat it eins, want diene saken nimme gjin kear, of yn goed Frysk: it bern is der, it moat ret wurde. It fers giet oer de tiid dy’t ferstrykt en net te kearen is, want ‘wy kinne inkeld mar foarút…’’

Lês, sjoch en harkje fierder by RIXTLês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Desimber 2018

logo.ensafh

Poëzij

Gerda van der Wijk (samler)
Wa kin skiede fan in freon – gedichten en wurden fan treast
Afûk, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 9,95
ISBN 9789492176639

Ik mis dy wêr’t ik hinnegean
of wêr’t ik hinnekear:
de iere moarn, de dagen rûn
en jûntiids namstemear
Bin ik allinne, triennen rinne
itsij treurich, itsij blij,
ik mis dy, o ik mis dy sa,
ik mis dy njonken my!

Guido Gezelle

 

Poetic Potatoes/Poetry in Potato Bags
stichting De Bildse Aardappelweken, bestelle by Afûk. 2018
Ferkeappriis € 5,00
ISBN gjin

Yn 2018 binne Ljouwert en Valletta, haadstêd fan Malta , de kulturele haadstêden fan Europa.… Lês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Holocaust

logo.ensafh

Op dizze lêste sneon fan it jier woe ik it mar even oer de histoarje ha. Soks past wol yn dizze tiid, elkenien sjocht werom. Mar, it weromsjen mei tsjintwurdich net mear sear dwaan, sa docht bliken. Predikant Martin Theile fan de Evangelische Broedergemeente Amsterdam-Stad en Flevoland giet dêryn nochal fier. It is tsjintwurdich moade om ús ferline wat te retoucheren, om it mar yn geef Frysk te sizzen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder