Kollum Aant Mulder: Mei lege hannen of net

logo.ensafh

Hoe soene we werom komme? Mei lege hannen of net. Dat tocht ik doe’t we ferline wike tiisdei mei-inoar ûnderweis wiene nei De Haach ta. Wy wiene dy deis fan doel om dêr de middels om healwei twaen oan de fêste keamerkommisje fan Ynlânske Saken in petysje oan te bieden.
De Fryske Beweging wol dat guon dingen dy’t yn de nije Bestjoersoerienkomst foar Fryske Taal en Kultuer steane dúdliker steld wurde en dat it gjin skoften hoecht te duorjen foar’t resultaten helle wurde. Dat wurdt yn dy petysje frege en dy ha we mei ús sânen oanbean.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Blog Nadie Hania: Kryst

logo.ensafh

De ôfrûne moanne wie de stêd feroare yn in wiere ljochtstêd. ‘Sfearfol’ hingje de krystljochtsjes boppe de grêft en yn in soad strjitten. Foar de minsken dy noch twivelje oft it wol moai is yn hokfoar plak se ek wenje of binne. Ik hâld der fan, al dy lampkes. Dy meie om my wol hingje bliuwe oant de maitiid ta oant it ljochter wurdt. Al hawwe dizze tsjustere dagen ek wol har sjarme, hearlik om mei in waarm drankje oan it ein fan de middei yn de kroech te hingjen en sjen nei hoe moai de binnenstêd ferljochte is wylst minsken foarby lûke dy’t nei in lange wurkdei op wei binne nei hûs of fluch noch har ynkeapen dogge foar slutingstiid.… Lês fierder

Lomme Schokker

De twadde wet fan Sibrand Swart. In krystferhaal

logo.ensafh

Lesjaan begjint mei it ferhaal fan de learaar. Dat is de earste wet fan Sibrand Swart, dosint Frysk, yn it wolnimmen. Op de kweek doetiids hjitte de wet sjesa dat lesjaan begjint mei it ferhaal fan de learling. Haha. Och, hoe nommel, och, hoe moai. Ik stean blinders al fjirtich jier foar de klasse, basis en middelber byinoar opteld, ik haw njonkelytsen myn eigen wetten definiearre om my tsjin it rosmos oer steande te hâlden.

Lit ik my mar net al te bekend meitsje, jo hawwe de namme, dat moat genôch wêze. Ik sit moai net op Facebook, myn leafste learlingen sille dizze betûfte learaar net molestearje mei harren ûnferhoalen stikelstekken en it moarch út de bonken heljend treiterjen en terreur.… Lês fierder