Op 30 novimber hawwe Ryk en Provinsje Fryslân yn Ljouwert de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) foar de perioade 2019-2023 ûndertekene. Neffens syn wetlike taak hat DINGtiid beide oerheden advisearre by it tastânkommen dêrfan. No’t de BFTK tekene is, reagearret DINGtiid op it einprodukt. It advysorgaan foar it Frysk hat wurdearring foar de ambysjes en it feit dat mei it jier 2030 ek in konkreet koerspunt steld wurdt. De ambysjes kinne lykwols allinne helle wurde as Ryk en provinsje goed stjoer hâlde op de doelen dy’t de BFTK befettet en dêrby mei-inoar en mei it fjild yn petear bliuwe.… Lês fierder