Teäterûndernimmer en aktrise Anke Bijlsma: “Der is mear as Tryater!”

logo.ensafh

It stekt teäter-ûndernimmer Anke Bijlsma dat jild foar profesjonele Fryske toanielproduksjes hast altyd allinnich nei Tryater giet. “Dêrmei dochst oaren te koart. It automatisme dat dit jild foar Tryater is, moatte se fuortendaliks ôfskaffe. Der is mear! Lit der mar in soarte fan ‘marktwerking’ wêze.”

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

8 Old-Lady Novels That Prove Life Doesn’t End at 80

logo.ensafh

Meaningful roles dry up in Hollywood for women over 30, but for those over 80 it’s a wasteland. At best there is one of two grandmas: kindly or batshit. The same double-bind could be said for older women in literature, who arguably represent one of the most underwritten aspects of female experience. Even when they do manage to get into a book, they almost exclusively face sexism for being “unlikeable.”

Lês fierder by electricliteratureLês fierder

Martsje de Jong

Besprek Swarte Swan, Gideon Samson / oersetting: Geart Tigchelaar

logo.ensafh

Foar pubers wurdt ornaris net in soad Frysk skreaun. It argumint lit him riede: se lêze leafst neat oars as koarte berjochten op sosjale media, of hingje ûnderút foar Netflix. Dêrmei pleitsje útjouwers harsels frij en begjinne skriuwers as it treft net iens oan in boek foar de dreechst te begripen kategory bern dy’t der is. Mar wat der net is, kin ek net lêzen wurde. It feit dat der sûnt 1999 mar tsien (!) orizjinele Fryske boeken skreaun binne foar de bern yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis, wêrfan de helte fan de hân fan Hanneke de Jong, seit genôch.… Lês fierder

Kollum Jaap Krol yn FD: Leuk

logo.ensafh

Leuk

Ik moat bekenne dat ik mar wat faak op Youtube sit te surfen, soms fan healwei de middei oant jûns let. No kin ik folhâlde dat it my giet om de nostalgy, lykas it beharkjen fan hits út de eighties of it sjen nei legendaryske fuotbalwedstriden, mar it feit dat Youtube fol sit mei skandalen en nuvere fratsen fan allerhanne lju hat in grutte, grutte oanlûkingskrêft op my. Soks fyn ik ‘leuk’, ik haw der gjin oar wurd foar.

Lês fierder by Jaap Krol
Lês fierder

Blog Nadie Hania: Koart ferhaal; ”It Duvelsferbûn”

logo.ensafh

‘Do silst de moaiste romans skriuwe en ferneamd wurde,’ belooft de ûnbekende har.
In healoere lyn hie hy der njonken Jinke plaknommen op in bankje yn it park. Hja hie sitten te deidreamen, har gesicht nei de sinne, in tichtfallen boek op har skoat. ‘Hoefolle kost dat?,’ freget hja. De man hat wat oer him wêr’t se gjin finger op lizze kin. In glêd gesicht mei âlde wize eagen, en in waarme útstrieling dy har ûnderhûdsk docht rydboskjen. Hja hie syn namme frege mar dêr hie der oerhinne praat.

Lês fierder by Nadie Hania
Lês fierder