Nei oanlieding fan in ynstjoerd stik fan Friduwih Riemersma oer dichterskollektyf RIXT yn de LC fan 03-11-18, hat it kollektyf hjoed, 17-11-18, in reaksje jûn, ek yn de LC.
It stik fan Riemersma kinne jo hjir lêze, de reaksje fan RIXT stiet hjir.
(Tekst Utjouwerij Grotesk)
Achte freonen, kollega’s en alle nigethawwers oan lyryk,
Mei tromslaan en bilskodzjen dogge wy te witten,
mei koarten, mei hiel koarten, sil in bûtenierdske fersebondel it ljocht sjen:
Dof fiolet is ’t west
16 sonnetten fan Johan Andreas dèr Mouw, ferfryske troch Eppie Dam.
Dizze groeibriljant sil presintearre wurde troch Lucien Custers, skriuwer fan de Dèr Mouwbiografy Alleen in wervelende wereld, en akkordeonist Herman Peenstra en Lienke Boot.
Wy sjogge út nei jo komst!
Eppie Dam
Hannah Wolff, Hannah van der Heijde, Friduwih Riemersma (útjouwerij Grotesk)
Boekpresintaasje Dof fiolet is ’t west
Sneon 15 desimber 2018, 11:00 – 12:30
Gysbert Japicxseal, Tresoar… Lês fierder
As earste Dichter fan Fryslân skriuwt Eeltsje Hettinga dit jier en takom jier seis oant tsien gedichten jiers. By dizzen it gedicht ‘Europa – De nammen’, skreaun mei nei oanlieding fan de manifestaasje The List. Op ’e Nijestêd yn Ljouwert steane in tweintichtal buorden mei derop de nammen fan sa’n 36.000 flechtlingen dy’t omkaam binne op harren tocht nei en reis binnen Europa.
Lês fierder by de Ljouwerter Krante… Lês fierder
De 17-jierrige Line Hut fan Ljouwert is ferkeazen ta ien fan de Jonge Denkers des Vaderlands. Dy titel hat se krigen troch in wedstriid, dy’t organisearre wurdt foar middelbere skoalbern mei filosofy yn harren fakkepakket.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Ik mei graach nei 24 Kitchen sjen. It is rêstjouwend en ik krij der ek noch ynspiraasje fan.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Jierlikse Fedde Schurerlêzing
Mei Ljouwert Kulturele Haadstêd as aktualiteit, hâldt prof. dr. G.T. (Goffe) Jensma in lêzing mei as titel:
Millennial mienskip. Fryske taal en kultuer nei 2018
In reaksje sil jûn wurde troch mr. S. (Sjoerd) Feitsma, wethâlder fan Ljouwert.
Prof. dr. G.T. Jensma is histoarikus en sûnt 16 july 2008 heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde oan it Frysk Ynstitút fan de Fakulteit der Letteren fan de Ryksuniversiteit Grins (RUG). Mr. S. Feitsma is sûnt jannewaris 2014 PvdA-wethâlder fan Ljouwert. As wethâlder is hy ferantwurdlik û.o. foar kultuer en foar Ljouwert 2018 kulturele haadstêd en wat dernei komt
De muzikale bydrage wurdt fersoarge troch Welmoed Poelstra út Hallum.… Lês fierder
salang’t
har brune fytske by my binnen stiet
kin ik de hiele wrâld oan, hoe kin
dat no, no ja, ik wit it wol mar fertel
it, oan nimmen net; lit se mar yn de
stront dy apekoppen en bearelullen
wylst leit se hjir en sliept de wrâld
en ik sjoch nei har as wie se ien en
al wûnder; se is faaks in muze mar
ik wol justjes mear, geduld is grut
ha gjin haast, mar bin in sneinsbern
lykas in skouwe kat komt se dochs
werom en alle kearen wat tichterby
nea en nea krigest my, mar ik ha har
gjinien oars dy’t dêr patint op hat, ik
wol, fiel my like sterk as bijehunich … Lês fierder