Kollum Hilda Talsma: Brutsen hert

logo.ensafh

Ien fan ús jonges giet in konfrontaasje net gau út ‘e wei en as er syn fûsten rôlet, is er ek net te beroerd om dy te brûken. As ik de ferhalen letter hear, dan sakket de moed my yn ‘e skuon. It hat altyd in reden en it sil allegear wol, mar as mem wurdst net bepaald fleurich fan sok praat. En wylst se der sels allang wer om gnize, spûkje my de doemsenario’s noch moai lang yn ‘e holle om.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Greet Andringa

De lytse seemearminne revisited

logo.ensafh

Ik blêde niis eefkes troch Libben Reach. It is alwer tsien jier lyn dat ik guon minsken knap de betizing ynjage ha mei dat boek. En mysels blykber ek, want ek al is it myn eigen famyljeskiednis yn kryptogramstyl, elk haadstik begjinnend mei in mearkesfragmint, it ferhaal dat it measte seit oer myn eigen libben wie der net by.

It wie De lytse seemearminne dy’t myn skriuwerij al as hiel lyts famke oanwakkere hat. Ik fûn it sá begrutlik dat dat leave mearmintsje én har sturt én har stimme ynlevere hie en dat se noch altyd net krige dêr’t se sa’n ferskuorrend ferlet fan hie: de waarme en beskermjende earms fan de prins dy’t se it libben rêden hie.… Lês fierder

Aginda 14-06-18: Presintaasje werútjefte ‘Beafeart nei Saint-Martin’ fan Rink vd Velde

logo.ensafh

Tongersdei 14 juny presintearret Utjouwerij Bornmeer Beafeart nei Saint-Martin, de werútjefte fan de tredde Fryske roman van Rink van der Velde. De presintaasje fynt plak by Café Marktzicht yn Drachten en begjint om 17.00 oere. It earste eksimplaar sil offisjeel oanbean wurde oan Tom van Mourik, boargemaster fan Smellingerlân. Yn Smellingerlân wurdt fan 14 oant en mei 23 juny de Wike fan Rink holden ta eare fan de Fryske taal en literatuer en it libben en wurk fan Rink van der Velde.

 … Lês fierder

Blog Jona Lendering: Archeologisch nieuws (ja, echt!)

logo.ensafh

Zoals de trouwe lezers van deze blog weten, ben ik momenteel in Leeuwarden duizenden digitale foto’s online aan het plaatsen die mijn zakenpartner, enkele vrienden en ik de afgelopen vijftien jaar hebben gemaakt. Het is allemaal nog even wennen, maar mijn geadopteerde woonplaats is prettig ontspannen en ik werk hier met plezier.

Lês fierder by Mainzer BeobachterLês fierder