Wat in freeslik lijen, de Jumbo op Peaskemoandei. Ik sil it dy fertelle: de auto koe ik al net kwyt, der wiene hast gjin karkes, en scanners noch minder, ik moast slalomje om alle grouwe minsken en eamelkonten fan bern hinne, foar de scankassa moast ik wol trije minuten wachtsje en by de ûnûntkombere stekproef die ek noch ris bliken, mei fjouwer wachtsjenden achter my, dat ik ien fan de bettere flessen reade wyn net scanne hie. Skjin ferjitten, fansels.
Lês fierder by Lomme Schokker… Lês fierder