Aginda 18-05-18: Ynformaasjejûn oer Bartelje!

logo.ensafh

Bartelje! Fryske fariant op populêre Baskyske ymprovisaasjekeunst
Kin in geweldich populêre, iuwenâlde poëtyske keunstfoarm út Baskelân ek oanslaan yn Fryslân? Fiif Friezen tinke fan wol en sille it serieus besykje. Op freed 18 maaie om 20.00 oere wurdt yn talepaviljoen MeM yn Ljouwert it projekt ‘Bartelje!’ taljochte. Dan is ek de eksklusive foarpremjêre fan de FryslânDOK-dokumintêre ‘It súksesferhaal fan in minderheidstaal’, oer it Baskyske Bertsolaritza-fenomeen, en de earste stappen fan de inisjatyfnimmers om de ymprovisjaasjefoarm nei Fryslân te heljen.
Bertsolaritza
‘Bertsolaritza’ is poëzij, slam, ymprovisaasje, entertainment en muzyk tagelyk. In ‘bertso’ is in muzikaal fers yn Baskyske styl. De ‘bertsolari’ – sjonger fan de bertso – kriget in ûnderwerp oanrikt, en moat dêr nei tweintich sekonden betinktiid wat oer sjonge.… Lês fierder

Anne Feddema

Depresje

logo.ensafh

Depresje, as njonkenaktiviteit of depresje as boarne foar myn keunst?

In fleurich begjin fan in kollum fan in kwasi-filosofyske Freud fan Fryslân, sille jimme no wol tinke. En it is fansels ek gjin ûnderwerp dat bedoeld is om net mear by te kommen fan it laitsjen. In skoftke lyn is in hiel goede freon fan my ferstoarn. Ien dêr’t ik de lêste jierren in hiel goed en djip kontakt hie. Wy dolden om yn ’e geast, oer keunst en fan alles en noch wat. Nei in hiel skoft siik wêzen en mei gjin ferbettering yn sicht foar de takomst fûn er it genôch en hat er besletten, om sa’t er sels sei, de stekker der út te lûken.… Lês fierder

Blog Aant Mulder: Afûk, mei 90 koart troch de bocht

logo.ensafh

Woansdei 25 april hold de Afûk in sympoasium, yn Ljouwert yn Stedsskouboarch De Harmony. Dat diene se om’t de Afûk dy deis op ’e kop ôf 90 jier bestie en om’t Koen Eekma as direkteur ôfskied naam. Beide ûnderwerpen waarden yn ynfo’s en affysjes neamd. De útnûging wie dúdlik en makke tagelyk nijsgjirrich. It ôfskied fan Koen Eekma woe ’k by wêze en ik wie benijd nei dy njoggentich jier Afûk. Der wiene mear dy’t der sa oer tochten, want der kaam aardich folk op ôfsetten. Likegoed rekke de grutte skouboarchseal net hielendal fol. Of de opkomst wie te lyts, of de seal te grut.… Lês fierder

Blog Jona Lendering: Sneker café

logo.ensafh

VIk moest maandag in Leeuwarden zijn om te spreken over het fotoproject waarover ik al eens blogde. Omdat mijn volgende afspraak ’s avonds in West-Friesland was en de veerpont van Stavoren naar Enkhuizen pas na zessen afvoer, moest ik wat tijd stukslaan, en daarom besloot ik eens naar Sneek te gaan. Ergens begin jaren zeventig heeft Drs.P. daar een optreden verzorgd en omdat hij de gewoonte had overal een voor de gelegenheid geschreven liedje ten gehore te brengen, schreef hij ook iets over een Sneker café. Hij vertelde zelf:

Lês fierder by Jona LenderingLês fierder