Blog Aant Hofstra: Sjen yn it tsjuster

logo.ensafh

 

 

At it tsjuster is,
sjoch je net folle
dat is de erfaring dy’t wij ûndergean
yn Burchwert,
it doarp fan Tsjêbbe Hettinga

At it tsjuster is
dan giet it mear om lûden en klanken:
de smid mei syn klappen op it ambyld
de skries mei syn sjongen op de hikke
de klompen dy’t klappe op de dyk
de trekker dy’t oanslacht
it hynder dat fan him heare lit
en de toer dy’t slacht

Lês fierder by Aant HofstraLês fierder

Aginda 21-04-18: Presintaasje ‘Het is er’ fan Wiebe Dooper

logo.ensafh

Op zaterdagmiddag 21 april a.s. wordt in Café Vellinga aan de Korte Veemarktstraat 11 in Sneek het eerste exemplaar van de dichtbundel ‘Het is er’ uitgereikt aan wethouder Maarten Offinga van Súdwest-Fryslân.
‘Het is er’ is geschreven door dichter Wiebe Dooper.
Dit literaire gebeuren wordt gepresenteerd door Amieke de Rapper. De inloop is vanaf 14.30 uur,
waarna het programma begint om 15.00 uur. Hillie van Brug bijt de spits af. Zij vertolkt als geen ander het authentieke volksgevoel van ‘haar stadsje Sneek. De Groninger dichter René Alberts geeft daarna acte de presence. Annemieke Brandsma leest twee verzen voor, Anske Smit volgt met zijn ‘Hylpers werk’ en Herman Langgraf presenteert onbekend werk.… Lês fierder

Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 1, 2018

logo.ensafh

It earste artikel yn it earste nûmer fan dit jier is it besprek fan De nacht fan Mare, de nijste roman fan Willem Schoorstra. Dat foaroansetten fan it besprek fan in proazawurk is bedoeld as statement. Yn it lêste nûmer fan 2017, it nûmer mei as tema Baskelân, yn it stik ‘In Baskysk-Frysk petear’ fan Eneko Aizpurua en André Looijenga seit de lêstneamde: ‘As orizjinele Fryske literatuer relevant bliuwe wol (of wurde wol), moat dy djipgravender wurde – sawol yntelliginter as ûnderhâldender wurde. Benammen jildt dat foar it proaza yn it Frysk. Ik fyn dat op dit stuit mar in bytsje Fryske romanskriuwers echt in koartswilige, nijsgjirrige styl hawwe.… Lês fierder

Blog Lomme Schokker: De ferbylding oan de macht – Don Quichot

logo.ensafh

Lit dy net troch kueren liede. Litte de triennen fan de earmen begrutsjen by dy fine, mar net mear rjocht dwaan as it pleitsjen fan de riken.
As it kin, steapelje net alle strangens fan de wet op de misdiediger, want de rop fan in strange rjochter is net better as dy fan in rjochter dy’t meilydsum is. Ast bytiden de roede fan rjochtfeardigens bûgest, dan moat it net wêze om de presintsjes, mar út barmhertichheid.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Teleks: Gedicht Eeltsje Hettinga niet bij Omrop wel bij Truth be told (Malta)

logo.ensafh

 

“Malta’s whitewashed tombs”: poet laureate of other European Capital of Culture

April 12, 2018 at 20:50

This year Leeuwarden and Valetta are joint European Capitals of Culture.

Leeuwarden is the regional capital of Frisia, which has its own language, Frisian, the second official language in the Netherlands. They have a poet laureate in Frisia. He has to write 6 to 10 poems a year. His name is Eeltsje Hettinga.

He chose to write a poem on the assassination of Daphne Caruana Galizia. You can read it in three languages: Frisian, Dutch and here it follows in English:

Lês fierder fia Liwwadders

Lês fierder

Teleks: Elske Schotanus fertinkt sjuery Oare Wurden fan freontsjepolityk

logo.ensafh

1) Karen Bies is kultuerredakteur by Omrop Fryslân en sadwaande kollega fan twa fan de trije troch Tresoar oanstelde sjueryleden foar it projekt Oare Wurden, nammentlik Bart Kingma en Marijke de Boer. (It tredde sjuerylid Trynstsje van der Steege wurket by útjouwerij Bornmeer.)

2) Har literêre oeuvre bestiet, as it om wurk op papier giet, benammen út kollems oer kninen en besites oan de Ikea. Op de Tresoarwebside Sirkwy.frl by de skriuwersbiografyen wurdt sy, tusken Beukel en Bilker, dan ek net neamd: gjin boekpublikaasjes, gjin prizen of nominaasjes, gjin ferwizings nei resinsjes. Ien syn literêre karriêre – telt oars al foar 30% mei yn de beoardieling, sa seit de oprop sa’t Tresoar dy útgien litten hat.… Lês fierder