It grutte Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (Conference on Frisian Humanities) yn Stedsskouboarch De Harmonie wijt trije dagen oan de stúdzje fan literatuer yn ’e Fryslannen. Fan moandei 23 o/m woansdei 25 april biede de Twadde Letterkundedagen in ferskaat oan lêzingen fan sprekkers dy’t foar de helte út it bûtenlân komme, foar in fjirdepart út Fryslân en in fjirdepart út oare parten fan Nederlân.
Op ’e Letterkundedagen binne lêzingen te folgjen oer û.o. Joast Halbertsma (Alpita de Jong, Jonathan Roper), identiteitskonstruksje yn it wurk fan Waling Dykstra (Abe de Vries), de Noardfryske fertelliteratuer nei 1945 (Wendy Vanselow), de Fryske kolleksjes yn ’e British Library en Oxford (Marja Kingma, Johanneke Sytsema), skientme en dea yn ’e Fryske poëzij (Alyda Faber) en Fryske literatuer út in Sintraal-Europeesk perspektyf wei (Wilken Engelbrecht).… Lês fierder