Wat gyng der no mis mei it kadoboek fan Griet op de Beeck? Ik lies de krantekritiken neidat ik it boek yn it Nederlânsk en Frysk (moaie, linige oersetting) lêzen hie en koe my der earliksein net yn fine. It is wer in prachtboekje, tige tank oan elkenien dy’t dit mooglik makket.
As jo Sa’t it lân derhinne leit noch net lêzen hawwe, dan is myn advys om no mei dizze kollum op te hâlden, want ik moat wat ferklappe. Olivia, de 71 jier âlde widdo yn it boek, fielt har hieltyd mear befrijd nei de dea fan har man. Se siket it aventoer neidat se syn brot oprêden hat en giet seis wiken nei in waarm lân, dêr’t se Daniel moetet en se fynt yn him de leafde fan har libben.… Lês fierder