Teleks: Friestalige videoclip ZEA genomineerd voor award bij poëziefestival Poetry Film Tage in Weimar

logo.ensafh

De poëtische videoclip bij het Friestalige nummer Komt ien oan, afkomstig van de plaat In lichem fol beloften (2025) van ZEA, is genomineerd voor de New Talents Award door het Poetry Film Tage festival in Weimar (DE). Dit internationale kortfilmfestival vindt dit jaar van 4 t/m 6 juni plaats en brengt poëzie en film samen. Het album, waarop Zea samenwerkt met de zestienkoppige drumband Hallelujah Makkum, werd afgelopen november uitgebracht en is zowel in binnen- als buitenland bekroond met lovende recensies en onder andere gedraaid op de BBC. De liveshow en het album met bijbehorend boek met teksten is een project van ZEA (Arnold de Boer), Makkum Records en Subroutine in samenwerking met Explore the North en Popfabryk.… Lês fierder

Sikke Oosterhof: Boereprofessoaren fan Fryslân

logo.ensafh

Twa jier lyn die ik njonken myn stúdzje astronomy de minor Frysk. By it fak Fryske Skiednis krigen wy de opdracht om in histoarysk ûnderwerp út te djipjen. Al gau kaam ik út by in tema dêr’t myn beide ynteresses byinoar kamen: de Fryske boereprofessoaren en harren belangstelling foar de stjerrekunde.

De boereprofessoaren fan de achttjinde iuw wiene minsken dy’t fier kommen binne yn de wittenskip, benammen yn de wis-, stjerre- en wurktúchkunde. In boereprofessor hat op in autodidaktyske wize kennis opdien fan natuerkundige wittenskippen. Dat wol sizze, op in gehiel selsstannige wize ien fan earder neamde wittenskippen leard sûnder dêrfoar ûnderwiis folge te hawwen oan in universiteit.… Lês fierder

Teleks: Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: ‘Stêd yn ’e noardewyn’

logo.ensafh

‘Stêd yn ’e noardewyn’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut: “Margaretha Zelle waard as dûnseres Mata Hari wrâldferneamd. Wa wie sy no werklik? Wat bliuwt der nei de dea fan in minske hingjen?”

Stêd yn ’e noardewyn

op de brêge tusken pleasure plaza (diskreet
en persoonlijk) en burrito brothers
stiet it brûnzen byld fan in dûnseres,
momintopname
fan ien yn fleurige beweging

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Jemke Visser

Moet met vliegtuig …

logo.ensafh

Ja, Trump ek faak op syn segenrike misjes. Op ’e falreep, foar’t er mei syn bespotlike reade MAGA-pet op foaroerbûgd it fleantúch ynsjokt, ferblidet er it minskdom yn in pear simpele wurden mei syn geweldige plannen, dy’t lykwols allinne mar liede ta al mar mear minsklik lijen.
Binne der yn ’e goedichheid net mear by machte om sokke idioaten tsjin te hâlden, Amerikanen dy’t harren de eagen út de kop skamje dat se de wrâld mei sa’n ien opsadele hawwe?
Fia WhatsApp krij ik sa no en dan hilaryske filmkes oer him. Under oare ien mei Willem en Maxima yn it Witte Huis, dy’t, as wiene se op skoallereis, út harren dak geane.… Lês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XLVIII

logo.ensafh

‘GROETEN | uit | Warga.’ (m.), ±1907–1908. Fantasykaart, mearkleuredruk, 90×140 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpel Wergea 05-07-1909. Ferstjoerd oan Janke Bron, ‘in het Armhuis’, Oerterp, troch Arend Melle Bron, Wergea.

Wêrom stjoerde Arend Melle Bron syn mem út Wergea wei net in ansichtkaart mei in pittoresk doarpsgesicht? Sa’n kaart wie dêr yn 1909 grif wol te krijen. Mar nee, hij stjoerde har in bûnte, dekorative fantasykaart. Faaks foel dy by Janke of Arend mear yn ’e smaak as in fotografearre doarpsgesicht: ek as sa’n kykje ynkleure wie, miste it de heldere, kontrastrike kleuren dy’t de fantasykaart al hat. Boppedat wie dy kaart nei alle gedachten goedkeaper.… Lês fierder