Aginda 26-05-2024: Dichters voor Dichters

logo.ensafh

Zondagmiddag 26 mei lezen dichters gedichten voor van de Russische dichters Artjom Kamardin en Jegor Sjtovba. Beide dichters zijn gevangengenomen, omdat ze zich hebben uitgesproken tegen de oorlog met Oekraïne. Hun gedichten zijn in het Nederlands vertaald.

Een aantal Friese dichters is speciaal voor deze dappere collega’s aan het dichten geslagen. Ook die gedichten worden voorgelezen in de Basuin. Aansluitend gaan de Russische vrouwen Lana en Victoria ons helpen om begeleidende brieven te schrijven voor bij de gedichten, die vervolgens opgestuurd worden naar de gevangenis in Rusland waar Artjom Kamardin en Jegor Sjtovba verblijven.

Lês fierder by de MoanneLês fierder

Anne Feddema

Paleo-DNA

logo.ensafh

 

 

 

Bûten by fjoerkoerfonken
Wit ik drôgjend
Dat ik fan juster bin
Wurden âld en djip
Rjuchtsje ik omheech
Lit se strielje
Neist planeten

Fan ’e middei yn tún
Fûn ik by bjirk
Knynbiente
Zaza fan Femke
Ea libben kjifdier
Op ’e oergong
Alles komt werom

Gloede hjoed
Besielje deade
Sjamanesjamme
Jou my moarn
Waarme sinne… Lês fierder

Kollum Arjan Hut: Yn de besnijing fan in hûndert jier âld gedicht

logo.ensafh

Oktober 2022. Ik en ús Iwan ha in pear dagen en nachten trochbrocht op de Folkshegeskoalle, as toeristen. Sa faak geane we der net op út; dizze trip nei Skylge is foar ús al bysûnder. Spitigernôch bin ik de hiele tiid smoarferkâlden. Dêr wie ik al benaud foar: op it stasjon fan Ljouwert wie de meiwurker fan de Bruna dúdlik koartsich en beroerd, hy prúste en krimmenearre.

Op it fear fan Harns nei it eilân makke ik oantekeningen yn myn boekje oer wat ik allegearre om my hinne seach en hearde. De see, griis as klaai yn de hjerst, en in âlder stel dat njonken ús siet en dêr’t de man fan ferdwaalde doe’t er nei it húske moast.… Lês fierder

Teleks: Skriuwster Tomke-ferhaaltsjes Riemkje Pitstra 80 jier

logo.ensafh

It wie juster in feestlike dei foar Riemkje Pitstra, skriuwster fan de Tomke-ferhaaltsjes. Hja fierde har 80e jierdei. Riemkje waard ferrast troch in prachtich berne-oargel mei echt bewegende poppen, dat spesjaal foar it Tomke-projekt makke is troch Tomke-tekener Luuk Klazenga en syn broer. Klazenga hie spesjaal foar Riemkje ek in prachtige poster yllustrearre, mei de jubilaris yn it middelpunt.

Lês en sjoch fierder by It NijsLês fierder