Diet Huber: ferneamd yn Fryslân, fergetten yn Nederlân

logo.ensafh

Yn ferskate fraachpetearen hat Diet Huber witte litten dat Nederlânsk en Frysk har like leaf wienen. Har heit wie Nederlânsk, har mem wie Frysk. Se hat likefolle boeken yn it Frysk as yn it Nederlânsk skreaun, dat die se earlik om en om. Hast twangmjittich, om net ien taal foar de oare te setten.

Lit ús dit foaropstelle: har Nederlânske wurk is net om ’e nocht. Yn earste ynstânsje waard de poëzybondel De uil met zeven zuurtjes (1959) bekroand mei in Gouden Griffel. Wim Hora Adema, haadredakrise fan Het Parool, skode har nei foarren as talint en opfolger fan Annie M.G.… Lês fierder

De útspraak fan /g/ en /sk/ oan it wurdbegjin yn de 19e iuw

logo.ensafh

Der hat de lêste tiid op Frisistyk wat diskusje west oer de status fan it Meslânzers en de wearde dy’t de útspraak fan de g– en sk-/sch– oan it begjin fan it wurd hawwe kinne soe foar dy diskusje. Op de eftergrûn spilet dêrby dat it ferskil tusken [sk] – [sχ] en [g] – [ɣ] fanút modern perspektyf sterk bûn is oan it kontrast tusken Frysk en Nederlânsk. It like my dêrom nuttich om ien en oar wat yn in (histoarysk) perspektyf te setten. Dan blykt alles soms net sa swart-wyt te wêzen.

Lês fierder by Arjen Versloot op FrisistykLês fierder

Martsje de Jong

Lubbert Jan de Vries presintearret ‘Liet fan mysels’

logo.ensafh

Yn de tsjerke fan Jellum, dy’t tsjintwurdich as teätertsjerke It Mammemahûs bekend stiet, presintearre Lubbert Jan (Bert) de Vries sneon 13 april syn Fryske oersetting fan ‘Song of mysels’, it grutste en bekendste wurk fan de Amerikaan Walt Whitman (1819 – 1892). In gedicht, sûnt 1862 besteande út net minder as 52 fersen, mei as neigesetsje ek noch de oersetting fan it folsleine foarwurd fan Whitman sels sa’t dy dat yn 1855 skreau yn de bondel ‘Leaves of grass’, dêr’t de earste ferzje fan ‘Song of myself’ yn stie. Doe noch mar tolve fersen lang, trouwens. Om dat foarwurd ek oer te setten, wie it idee fan útjouwer Piter Boersma.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: De jeugd en de takomst fan it Frysk

logo.ensafh

It is faaks wat in skriele treast, mar it rint mei it Hollânsk noch folle hurder op ’e non as mei ús memmetaal. Hoe oft ik dat wit? No, ik moat bytiden fan oare lju oerset wurk proeflêze. Dat wol sizze dat men in tekst kritysk lêst en wat troch de mesken kin, gewurde lit. Ommers, in bytsje bryk is minskelyk. Mar yn ’e praktyk stiet dizze Slager allegeduerigen mei it filearmes dwers yn ’e bek.
Ien fan ’e boeken dy’t ik de ôfrûne wiken ûnder hannen naam, wie wakker yn oarder. Dat moat fan in Fries oerset wêze, tocht ik fuort.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Lytse Huber

logo.ensafh

Fosite hat har earste gedichten foardroegen yn de styl fan Diet Huber! It wie tidens in foarstelling fan de badskyldpodden. Ien foar ien sette se de bisten op de kraan, want dat wie tagelyk it poadium en de dûkplanke. Alle fjouwer skylpodsjes mochten in gedicht foardrage en ik wie it publyk. Ik ha gau in stik papier pakt en skreau sa fluch mooglik mei. Dit is it resultaat fan de fjouwer performers.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder