Blog Jaap Slager: Resolvearre?

logo.ensafh

Bêste Jan,

Yn it foarste plak, ik haw in ynoarm respekt foar dyn krewearjen. Man, wêr hellest de enerzjy wei?
Fierder is it dúdlik dat ús opfettings oer taal bytiden wat wriuwe. Do skriuwst yn dyn lêste brief oan Ed in pear kear datsto wat taal oanbelanget gauris op dyn gefoel ôfgiest. Sjuch, dêr lûke wy noch ien line, want ik bin ek net ien dy’t alle klapsketen de boeken foar it ljocht hellet. Mar dêr hâldt it sa’n bytsje op. Want do hast, as ik it goed begryp, in poer ynstrumintiele opfetting oer taal – de lêzer moat net hoege te kôgjen (want dat hat er net oan tiid of dêr hat er gjin nocht oan?)… Lês fierder

Deze maand op Ensie

logo.ensafh

Stichting Ensie Encyclopedie realiseert een bibliotheek waar alle Nederlandstalige woordenboeken en encyclopedische werken op één plek samenkomen. Kennis uit heden en verleden wordt nauwkeurig gedigitaliseerd, van meta-informatie voorzien en voor iedereen gratis toegankelijk gemaakt. In februari beschrijven we een aantal boeken die op Ensie zijn geplaatst:

Lês fierder by Neerlandistiek Lês fierder

Traumatysk ferhaal bringt skriuwer út Haarlem werom yn Fryslân

logo.ensafh

Foar skriuwer Lex Paleaux is it net samar wat, dat in teäterstik dat basearre is op syn boek no yn Drachten op de planken brocht wurdt.
Paleaux wennet yn Haarlem, mar is berne yn Fryslân. It ferhaal fan syn earste boek Winterwater is traumatysk, en basearre op syn eigen ûnderfining mei seksueel misbrûk. Dat meldt NH Nieuws.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Anne Feddema

It kin oars

logo.ensafh

 

 

 

Fan dy fersen
Dy’t begjinne mei:
Doch dit
Doch dat
Fan dy tsien
Geboadenfersen
Sjoch hjir
Sjoch dêr
It is sa en sa
En sa en sa
Krite, stinne, kleie
Net te hurden
Dy waffelwurden
Opdolde kolder
Kwasy opropkrêft

Hâld ho
Stopje
Net mear lêze
Net mear skriuwe
Dát soart tsien
Geboadenfersen
Kleie, krite, stinne

Mei dy eamelerij
Sille jo jo
Fersen einigje

Jo moatte der
Nea mei begjinne.… Lês fierder