‘: in Pauper Poëzy Punk Party mei poëzy, sounds, songs, lûd & bylden’
‘Liet fan Mysels’ is it nije boek fan dichter/oersetter Lubbert Jan de Vries en is in Fryske oersetting fan ‘Song of Myself’ fan Walt Whitman (1819 – 1892, USA).
Wy litte ús Barbaarske gjalp klinke oer de dakken fan ‘e wrâld! Wy komme mei wurden, muzyk, bylden en lûden, net foar de oerwinners, wy sprekke en spylje wol foar de minsken dy’t oerwûn en delslein binne.
Sûnder ein is dêr de rûmte en it paad op 13 april yn Jellum. Gjin wachtpost kin ús opkeare en gjin wet ús keare, want it weidûken en ôfwizen ha wy no al lang genôch dien!… Lês fierder