Piter Boersma

In memoriam Bartle Laverman

logo.ensafh

Underweis nei Walhalla

Yn novimber 2019 hie Bartle my it manuskript foar in nije dichtbondel tastjoerd. De foarriedige titel wie 2020. Ik ha doe by him west om myn betinken oer de bondel mei him te besprekken. Op 31 jannewaris, syn jierdei, hat er it oanpaste manuskript op ’e bus dien. De titel wie doe wurden Underweis nei Walhalla. Yn it begeliedende brief stie: ‘Ik soe it boekje wol graach dit heal jier útbringe wolle. It sil tink myn lêste wêze.’

De bondel is der noch net. En no is Bartle der net mear.

Bartle ferskynde letterlik en foargoed yn myn eachweid, doe’t er him begjin tachtiger jierren út it Grinslânske Baflo wei wer yn Fryslân nei wenjen set hie.… Lês fierder

Jelma Knol

Akky van der Veer (1943-2019)

logo.ensafh

Ynienen lei der alwer in roukaart yn de brievebus: Akky Kuiper-van der Veer, noch mar 75 jier âld. Fjirtjin jier neidat se har man Henk Kuiper loslitte moast, fleach ek Akky fuort. De poëtyske tekst op har kaart is grif fan har hân:

Bin ik no útleard, frege in frou
Yn dit libben wol, antwurde in ingel
Nim my dan mar mei, sei de frou
De ingel tilde har op
Se wie noch lichter as in fearke
Har siel krige wjukken
De frou fleach fuort

En as it Akky har wurden net binne, dan is it wol in fers fan ien fan har talintfolle bern.… Lês fierder

Jelma Knol

Berber van der Geest (berne 19-2-1938, ferstoarn 28-5-2019)

logo.ensafh

Berber van der Geest hâlde fan moaie dingen. De lêste jierren seach ik har geregeldwei by de konserten yn de Waalske Tsjerke, dêr’t wy nei sjongers as Henk Neven en Johannette Zomer harken. En dan makken wy in praatsje en seine wy tsjininoar hoe geweldich wy genoaten en hoe moai it wol net wie dat sjongers fan dit nivo yn Ljouwert kamen, om te sjongen foar in publyk fan heechút 90 minsken.

Dy moaie dingen, de skjintme fan soms hiele deistige saken, koestere se ek yn har wurk as beukerliedster. Se liet my by har thús oan de Pieter Langendijkstrjitte yn Ljouwert ris in doaze sjen mei fynsten dy’t se yn it beukerûnderwiis brûkte.… Lês fierder

Piter Boersma

In memoriam Steven H.P. de Jong

logo.ensafh

Steven de Jong debutearre yn 1965 mei de dichtbondel Wankend stomp. Hy hie dêrfoar al poëzy publisearre yn Quatrebras en De Tsjerne. Yn dy blêden, dy’t inoars tsjinpoalen wiene De Tsjerne tradisjoneel, Quatrebras eksperiminteel, publisearre er ek al polemysk-esseeïstyske stikken.
De titel fan dy debútbondel lit jin net tinke oan sêftsedichheid. Ast de gedichten lêst komst lykwols net sasear in dichter tsjin dêr’t sels geweld fan út giet, it giet om geweld dat oer de dichter komt en dêrnei by him geweld opropt. Winliken fiert er yn de gedichten in striid tsjin it geweld en tsjin de eangst dêrfoar.
Steven de Jong hearde as skriuwer oars al ta de rebellen fan ’e sechtiger jierren, skriuwers dy’t de bile leinen oan de foet fan it tradysjonele en yn harren eagen achterhelle Fryske literêre bedriuw.… Lês fierder

Piter Boersma

In memoriam Piter Yedema

logo.ensafh

Ofrûne woansdeitemoarn noch optrede. Op ’e fyts werom nei hûs yn Mantgum. By Werpsterhoeke fan ’e fyts falle, hertstilstân. Fûn, reanimearre, ûnderweis nei it sikehûs wer reanimearre, yn it sikehûs noch in pear kear, op ’e intensive care, sneon 21 april ferstoarn.
Piter is 76 jier wurden, in moaie leeftiid. Hy wie krekt yn in gelokkige perioade fan syn libben. Ien fan ’e moaie dingen: net lang lyn wie er pake wurden. Syn dea is in skok, mar in dea as dizze, sûnder lang lijen, dêr kin men foar him bliid mei wêze.

Piter Yedema wie yn it begjin fan syn skriuwerskarriêre foaral in betûft en eigensinnich kritikus, letter manisfestearre er him mear as dichter.… Lês fierder

Steven H.P. de Jong

In memoriam Bauke de Jong

logo.ensafh

Hjirby in koarte skôging fan Steven H.P. de Jong oer de okkerdeis ferstoarne dosint Bauke de Jong:

Bauke de Jong krige yn de sechstiger jierren bekendheid yn it Fryske literêre fermidden omdat er as ien fan de earsten bewegers lykas E.B. Folkertsma (literator en kristlik-Frysk nasjonalist) kapittele. Yn 1938 hie Folkertsma (nei de Kristallnacht) syn teologyske stik ‘De jage joad’ publisearre yn De Stim fen Fryslân, dêr’t er in typysk dialektyske redeneartrant yn opbout troch te sizzen dat de joaden ek net altiten sokke bêsten wiene. Unfoech praat, sjoen wat der allegear barde tusken 1933 en 1945 fûn Bauke de Jong achternei.… Lês fierder

Sjieuwe Borger

In memoriam Dirk van der Veen

logo.ensafh

Dikky

Woansdeitejûn 14 jannewaris 2015 stie myn frou yn de doar doe’t ik thúskaam. Min nijs, sei se, de mûle ferlutsen. Idske Postuma -De Boer hearde ik doe’t ik de hoarn oernaam. Se fernijde my dat de polysje Dirk van der Veen dea fûn hie. Hy lei langút op de grûn fan syn wenkeamer. Yn it sikehûs die bliken dat er smoard wie yn de reek fan in skroeiende bank dêr’t er in sigaret op falle litten hie. De ruten potticht wie alle soerstof yn in sucht opbaarnd en de lucht fol koalmonokside. Net bekend is oft Durk in slok op hie.… Lês fierder