Mei in soad niget haw ik it boek Flarde lêzen. Yn earste ynstânsje wie ik nijsgjirrich nei de relaasje tusken Fryslân en Baskelân, sjoen nei de oerienkomsten tusken beide eigen talen, kultuer en status yn it lân. Dat kaam yn it boek net nei foaren. It boek is flot skreaun, mar net foar de begjinnend Fryske lêzer. Yn it begjin moat je efkes wenne oan de skriuwstyl, mar al gau sitst yn it boek en wolst witte wat der noch mear barre sil. Hokker wendingen naam wurde en hoe’t alles dochs wer in oare kant op liket te gean. Ien ding bliuwt gelyk: Aede lit Sarat in haadrol spylje yn syn libben.… Lês fierder
