Aginda 24 o/m 26-11-2023: Ljouwert City of Literature op festival Explore the North

logo.ensafh

Doarmje fan 24 oant en mei 26 novimber op festival Explore the North troch de Ljouwerter binnenstêd foar in wykein fol keunst dy’tst noch net ûntdekt hiest. Sjochst wurdkeunstners, performances, literêre popshows, muzikale pioniers en noch folle mear op bysûndere lokaasjes yn it âlde sintrum.

Sjcoh foar mear ynformaasje by Explore the North

 … Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Sundachskyn Rike

logo.ensafh

Rike was un sundachskyn, dat klinkt heel wat aardeger as Hendrike dy’t un beperking had. Trouwens wie het gyn beperkings?

Disse Rike was un meiske út ut groate gesin (13 kyndes!) fan Tjitze en Ytsje Hoekstra de oprichters fan ut ferhúsbedriëf Hoekstra in Oudega, toen nòch Wymbritseradeel. Tjitze begon in 1929 met ut familybedriëf, un karriderij. Rike was krekt as alle andere kyndes belangryk foar ut jonge bedriëf in ut dòrp an’e Brek.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Hein Jaap Hilarides: Trainkaartsy

logo.ensafh

Ik sat in ’e train. Ik reed fan Luwt na Swolle. Rechtsachter mij sat ’n man. Hij had ’n dikke, swarte jas met ’n groate kapusjon an. De man had donker haar en ’n swarte snor en kort beerdsy. Hij sliep. Ik lâs de krant.

De kondukteur kwam del. Wij reden midden deur de groene waaies tussen Grou en Akkrum. De kondukteur froeg at de man ’n trainkaartsy had. De man begreep de kondukteur niet. Heel beleefd froeg de kondukteur nag ’s naar ’t kaartsy.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Frysk rymwurdboek knap stik wurk

logo.ensafh

Noch krekt foardat Sinteklaas wer yn it lân oankaam, is der in rymwurdboek foar it Frysk ferskynd. It sil foar de âldman in útkomst wêze, mar ek foar syn helpers en al dy oaren dy’t har teksten yn rymfoarm op papier of skerm oerbringe wolle. Oant no ta moasten de Fryske rimelders it sûnder sa’n helpmiddel dwaan. Dat makke it rymjen net ûnmooglik – al dy steapels Fryske dichtbondels binne der in bewiis fan – mar sa’n wurdboek jout jin wol mooglikheden dêr’t men earst net op sind hie. Teminsten, ik hie sa gau net witten dat net allinnich hymje en lymje rymje op rymje, mar ek flymje, grymje, kymje, slymje, stymje, strymje, swymje, tymje en trymje.… Lês fierder

Blog Koos Tiemersma: Aai

logo.ensafh

Wat in hearlike column: ‘Baarn deryn’ dêr’t Martsje de Jong ús op traktearde, wát in befleinens foar ús Fryske literatuer. Ik krige it der waarm fan, en dat net allinnich, de oprop oan Fryske skriuwers om der ris fiks yn te kletsen liet my net los. Wat soe it moai wêze as my soks ris barre soe, in roman of bondel dêr’t elk it oer hat, dêr’t de nekhierren by guon sa fan oereinkomme dat ik ‘aaien tsjin ’e ruten’ krij, in stik skriuwen dat ús eigen literatuer op ’e kaart set.

Lês fierder by Koos Tiemersma

 … Lês fierder