Jemke Visser

Hûnen

logo.ensafh

Bûten moard en deaslach op it wrâldtoaniel ûnderfine minsken ek oare swierrichheden dy’t it sin bedjerre. Bygelyks senioaren mei fytshelmen op e-bikes, gjin erch deryn yn hawwend dat se folle hurder geane as op in gewoane fyts en dêrtroch geregeld immen fan ’e sokken driigje te riden, hastige automobilisten, dy’t harren ûnder hels getoeter blau ergerje oan wat foarsichtiger ferkearsdielnimmers, buorlju dy’t foar de safolste kear in lûdroftige barbecue hâlde oant djip yn ’e nacht mei lûde muzyk, hûnen dy’t op je stoepe skite en tsjin de bûtenmuorre pisje …
Dat lêste bringt my op leed dat de lêste tiid noch alris yn it nijs is en neffens guon dupearren freget om in oplossing, nammentlik agressive en bytgrage hûnen.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Last rose

logo.ensafh

Vandemorgen he’k een heerlike kruudkoeke bakt mit gember, abrikozen en Fraanse vruchies. Een goed begin van de zundag. Vandemiddag he’k op et west van Wolvege naor drie grote winkels west om bosschoppen te doen. Dat ha’k gister vanuut Grou al doen zuld, mar doe he’k daor een hiel schoft naopraot en wodde et me te laete en gao ok nog naor Wolvege in dat malle ontiederige en regenachtige weer.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Aginda 09-11-2023: Willem Verf oer syn roman ‘De Wûndere Leafde fan Emine en Einte’

logo.ensafh

 
WILLEM VERF mei TET ROZENDAL en JAAP LOUWES yn ‘DE PLEATS’, BURGUM

Oankommende tongersdei, 9 novimber, fertelt Willem Verf oer it ta stân kommen fan syn ‘tendinsroman’
De Wûndere Leafde fan Emine en Einte.
Tet Rozendal draacht lietteksten foar dy’t yn de roman in wichtich plak ynnimme.
Jaap Louwes sjongt in seleksje út syn eigen repertoire.
It programma begjint 20 oere, seal iepen 19.30

“It Nut” organisearret dizze literêre jûn yn gearwurking mei d’Bieb, yn it ramt fan de Fryske Boekewike (4 o/m 12 novimber).
Wat makket it nijste boek fan Willem Verf sa bysûnder? It spilet yn Istanbûl, Burgum en Berlyn.… Lês fierder