Kollum Henk van der Veer: Bloate meid

logo.ensafh

Ik ken mij nyt herinnere dat der bij oans thús un ferkiezingsposter foar de rúten hong. Tòch bin’k der foar 99 punt 9 prosent fan overtúgd dat myn ouwelui ARP stemden.

De kleur fan’e poster was fòlgens mij pears en der stond begin jaren seuventech ok nòch ‘Evangelische Volkspartij’ an toefoegd. Moaie Barend Biesheuvel met syn garismatise útstraling en un lengte fan hast twee meter was ut fesitekaartsje fan’e partij.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Petear mei Durk van der Ploeg

logo.ensafh

Hy is de âldste bekende Fryske skriuwer dy’t nij wurk publisearret. Durk van der Ploeg is 93 jier en noch altyd warber mei skriuwen. “Ik skriuw mysels it ferhaal yn.”

“Ik rin net mear sa hurd, mar fierders giet alles goed”, seit Van der Ploeg, dy’t yn Noardburgum wennet. It measte wurk thús lit er dwaan. Mar it tinken kin er net oan in oar oerlitte.

Sûnt de dea fan syn frou wennet Van der Ploeg allinnich. Der binne dagen dat der gjin minsk komt. Hy wurdt dêr net ûngelokkich fan. De bern komme geregeld del en der is sosjale kontrôle.… Lês fierder

Lara Kool

Ut ’e bocht

logo.ensafh

Allinnich. Op it grutste evenemint fan it jier … Typysk!
Hielendal allinnich ryd ik fierder it tsjuster temjitte. De situaasje liket sa bot op it deistich libben dat ik der hast fan gûle moat. Gelokkich kin ik it ynhâlde, want de snotte dy’t my út de noas dript, is fuortdaliks beferzen.
‘Ferfelende Fedde’, sa neame se my op ’e oplieding. En eins ek al jierren dêrfoar. ‘Fedde kin it dochs net rêde,’ hienen se sein en ‘Wedzje dat hy it net oandoart?!’
‘As hy it al hellet, mei er fan my mei nei de kroech!’ hie Wiebe út ’e grap útbrocht.… Lês fierder

Teleks: Digitale stipe foar rymjende Fryskskriuwers

logo.ensafh

Op sneintemiddei 12 novimber 2023, presintearret de Fryske Akademy, yn ‘e mande mei rapper/kollumnist Pieter Zijlstra en syn maten, Sweder Oosterkamp en Teun de Vries, it ‘rymwurdboek’. De presintaasje is om 15:00 oere yn Neushoorn oan it Ruterskertier te Ljouwert.

It rymwurdboek is in útwreiding fan Frysker.nl, it digitale skriuwark dat stipe jout by it opstellen, staverjen en oersetten fan Fryske teksten. It rymwurdboek is streekrjocht te benaderjen fia Frysker.nl/rymje en fia rymwurdboek.nl.

 … Lês fierder

Blog Wokke de Ruiter: Grutsk mei, fansels

logo.ensafh

Ik ha op famylje besite west.

It wie gesellich, der lei it net oan. Kofje en tee mei wat lekkers er by, ek der wie neat mis mei.

En dochs ûntbruts er wat oan. It petear bleaun oan de opperflakkige kant.

Jimme kinne dat tink ik ek wol: d’r wurdt wiid wiidweidich út wreide oer de suksessen fan de bern en beppesizzers. Best is dat want jo wolle dat it neiteam it better docht dan it neigeslacht en dan meie jo der best grutsk opwêze.

Lês fierder by Tiden hawwe tidenLês fierder

Kollum Jaap Slager: Iensumens

logo.ensafh

Ja, ik haw altyd al wat singelier west.
Eartiids krige ús mem bygelyks maten fan my om ’e duorren: oft Jaap ek meikaam. No, ús mem wist dat ik nea fier wêze koe. Want as ik in boek beneist kommen wie, dan siet ik op myn souderkeammerke of ik lei yn ’e hingelmatte yn ’e tún. Dat lêste soe no net mear kinne, want dy beide apelbeammen soene mei de krunen tsjininoar slaan, as se it al op fuotten holden.
Ik wit eins net oft ús mem doedestiids noed stie foar my en myn sels ferkeazen paad fan sosjale isolaasje. Dat wie neffens har faaks net hielendal sa’t it hearde.… Lês fierder

Wiep Koehoorn oer ‘Testamint fan de siel’ fan Hylke Speerstra

logo.ensafh

Ferhaallinen
Yn 2021 publisearre de Fryske skriuwer Hylke Speerstra (1936) syn Frysktalige boek ‘Testamint fan de siel’.
Dizze roman oer ‘it grutste tafal fan ‘e wrâld’ befettet nammen fan personaazjes, die fingearre binne, en hat ek in tal âlde foto’s en sfeartekeningen as illustraasjes.
En yn it jier 2023 ferskynde der in Nederlânsktalige oersetting fan dit boek, fan de skriuwer sels, dat as titel krige: ‘Testament van de ziel’.
Op 10 febrewaris 2023 wienen Durkje en ik te gast by de boekpresintaasje fan dizze oersetting.
It boek hat in feskaat oan ferhaallinen, dêr’t it heden en it (fiere) ferline knap troch inoar hinne skreaun binne.… Lês fierder