Teleks: Fryske Boekewike mag wel wat uitbundiger worden gevierd: ‘Eins fernim ik der neat fan’

logo.ensafh

De Fryske Boekewike gaat vrijdag van start. In de boekenhandel waarschijnlijk geen vlagjes en stapels met de nieuwste Friese uitgaven. ,,Der mei wol eefkes in himmeldoekje oer it konsept”, vindt uitgever Steven Sterk van Noordboek.

In de Fryske Boekewike staat de Friese literatuur in de schijnwerpers. Dat is althans de bedoeling van Boeken fan Fryslân. Maar verwacht geen grote nieuwsitems op Omrop Fryslân, paginagrote verhalen in de twee Friese kranten over de nieuwste boeken en feestelijk uitgedoste etalages bij de boekhandel. ,,It libbet net genôch”, meent Steven Sterk, die met Bornmeer-Noordboek ook Friese boeken uitgeeft maar die niet is aangesloten bij Boeken fan Fryslân, de organisator van de Fryske Boekewike.… Lês fierder

Teleks: Wurk Anne Feddema en Marrit Jellema by jierfergadering UNESCO Cities of Literature

logo.ensafh

City of Literature Québec (Kanada) wie yn oktober gaststêd foar de jierlikse fergadering fan UNESCO Cities of Literature. De stêd frege har kollega-Cities of Literature wurk mei te nimmen foar twa projekten: Toponymie en Multivox.

Yn it projekt Toponymie lizze de Cities of Literature harren woartels bleat yn wurd en byld, en fertelle wêr’t harren namme weikomt: toponymen út it ferline, hjoed yn byld brocht. De wurken út de ferskate stêden wienen yn de wike fan de gearkomste te sjen op panelen yn de stêd en bliuwe online te sjen. Wy fregen Anne Feddema nij wurk te meitsjen foar dit projekt.… Lês fierder

Teleks: Kulturele organisaasjes sykje oare jildboarnen no’t provinsje besuniget

logo.ensafh

Kulturele organisaasjes yn Fryslân sjogge hieltyd mear nei alternative jildstreamen no’t it kultuerbudzjet fan de provinsje lytser wurdt. Mar ynsidinteel jild út oare potten kin de kultuersubsydzje fan de provinsje noait ferfange.

Dat boadskip krigen Provinsjale Steaten hjoed fan sa’n tolve grutte én lytsere kulturele organisaasjes. Sy wrakselje allegearre mei de gefolgen fan de troch de provinsje oankundige besunigings fan 1,6 miljoen euro.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Frysk Boekefeest, ôftraap Fryske Boekewike 2023

logo.ensafh

No freed 3 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn dûnsskoalle Saco Velt yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2023. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Hiltje yn Pella’ fan Anita Terpstra presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 4 o/m 12 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst € 15,- oan Fryske boeken by jo boekhannel. Op snein 12 novimber kinne jo mei it Kadoboek fergees reizgje yn de bussen en treinen fan Arriva yn Fryslân.

Anita Terpstra (Hallum, 1974) skreau dit jier it Kadoboek foar de Fryske Boekewike.… Lês fierder

Op syn idioatysk Frysk. Taalkundige analyze fan it ‘Idioticon Frisicum’(1806) fan Everwinus Wassenbergh

logo.ensafh

Op 9 oktober stie myn artikel Op syn Gryksk op Frisistyk. Dat wie basearre op de lêzing dy’t ik op de Dei fan de Fryske taalkunde (6 oktober ll.) holden haw oer de ynfloed fan de Schola Hemsterhusiana op de taalresepsje fan Everwinus Wassenbergh-en-dy, de heechleararen Gryksk en oare akademisy yn de achttjinde en de earste helte njoggentjinde iuw. It gie om in histoarysk-taalsosjologyske analyze troch close-reading fan fral Wassenbergh syn ‘Inleiding’ by it Idioticon Frisiscum of Woordenboek van bijzonder in Friesland gebruikelijke Woorden en Spreekwijzen. Dat Idioticon wie as wurdboekje bedoeld dat in spesifyk Fryske bydrage jaan moast oan it noch te meitsjen grut algemien wurdboek fan it Nederdútsk. … Lês fierder

Afûk-meiwurker Elisabeth Abels: “Wy meie wol wat grutsker wêze op it Frysk”

logo.ensafh

Afûk-meiwurker Elisabeth Abels-Gorter hopet dat Friezen wat mear mei it Frysk doare. “Wy sizze gau: ‘doch mar gewoan, dan dochst al gek genôch.’ Mar it is moai om dat wat ús unyk makket, mear sjen te litten.”

Abels (48) wurket yntusken trije jier foar Afûk. “Yn de leukste en moaiste Fryske boekhannel fan de wrâld. En de iennige ek noch.” As haad is sy ferantwurdlik foar de meiwurkers, telefoan, ûntfangst, ynkeap en it assortimint. “Wy binne it fisitekaartsje en it foarportaal fan de Afûk.”

De Afûk hâldt him dwaande mei taalpromoasje en -oerdracht. Mei learmiddels, kampanjes, kursussen, beliedsadvys, mar ek mei de boek- en kadowinkel yn Ljouwert.… Lês fierder