Efkes de hûs út, efkes de kop leech. Doch de hurdrinnersskuon oan en draaf de stêd út. Rjochts it kanaal, links Cammingabuorren. De sinne skynt, in lytse oaze yn it oars suterige waar. Under de kanaalwei troch, hjir en dêr puozzen dêr’t ik krekt wol, krekt net oerhinne hippe kin. Minsken litte de hûn út, of de partner, ja, in soad steltsjes op jierren.
De rûte haw ik yn it foaren úttocht, wit hoe lang ik hjoed drave wol. By de Nije Wielen draaie en as ik dan wer werom by it startpunt bin, kin ik moai de lêste pear hûndert meter útrinne, ôfkuolje en thús ûnder de brûs.… Lês fierder