Hast elkenien hat it wol: dy dream dêr’tst ynienen neaken yn bist. Do moatst wat presintearje, nei in sollisitaasje ta of bist earne yn it iepenbier, en ynienen hast gjin klean mear oan.
Fannacht hie ik in moderne fariant fan dy dream. Ik wie op in afterparty by immen thús, siet op ’e bank en wie óf dronken, óf hiel wurch en siet wat te chatten yn in groepsapp op myn mobyl. Ik frege oft der noch immen wekker wie en sin hie om te chillen, en ynienen begûn myn telefoan neakenfoto’s fan my te ferstjoeren yn dy app.
Lês fierder by Goeie… Lês fierder