Kollum Arjan Hut: Taal yn byld yn taal

logo.ensafh

Op’t heden bin ik dwaande mei in útstalling fan Fryske dichtbondelomslaggen. Moai wurk, al dy bondels bydel, plaatsjes sykje, sjen oft jit earne in geef eksimplaar op de kop te tikjen is fan klassikers as Lunchroom (J.D. de Jong, 1936), Utflecht (S.J. van der Molen, 1938) of Jolm, fan Garmant Nico (Germ) Visser, dat ferskynde by útjouwerij De Torenlaan út Assen, yn 1947.

Lês en sjoch fierder by GoeieLês fierder

Teleks: Priisútrikking Rely Jorritsmapriis 2025

logo.ensafh

De Ljouwerter wethâlder fan kultuer Hein Kuiken hat sneontemiddei 4 oktober 2025 de Rely Jorritsmaprizen útrikt yn theaterstjerke It Mammemahûs yn Jellum. Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dit jier foar de 71ste kear, wiene 40 ferhalen en 50 gedichten ynkommen.

De sjuery, besteande út Marrit de Schiffart (foarsitter), Gerbrich van der Meer en Reitze Jonkman dy ’t de ynstjoeringen anonym ta beoardeling krige, hat trije ferhalen en 3 gedichten bekroand.

Gertrud Palstra wûn de priis foar har ferhaal Blineman, Sytse Jansma foar syn ferhaal Psych Aid en Gerrit Hoekstra foar syn ferhaal In simmerjûn yn Seachlym.
De winners fan de gedichten binne: Pim Rodenboog mei Meiboartsje, Fedde Douwes Dijkstra mei Refleksje en Tryntsje van der Steege mei De swimmers.… Lês fierder

Pier Boorsma

âlvestêdetocht 1986 

logo.ensafh

 

 

 

yn it tsjuster
ried ik de bonkefeart del
ik wie nachtblyn
dat ik wie wol tsien kear fallen
ik siet ûnder de blauwe plakken
einlings kaam ik oer de finish
der wie gjin mins te sjen
wat in ôfdijer
om’t ik myn skuon
bij de start stean litten hie
moast ik op sokken rinnend
nei ljouwert
it minskebestean is wif
it iene momint
fiere je de Triumph des Willens
en even letter
binne je in held op sokken… Lês fierder

Aginda 07-11-2025: Frysk Boekefeest, ôftraap Fryske Boekewike 2025

logo.ensafh

Freed 7 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn De Kanselarij yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2025. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Oan ’e ein fan De Oere’ fan Anne-Goaitske Breteler presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 8 o/m 16 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst € 15 oan Fryske boeken by jo boekhannel. De presintaasje fan de feestlike jûn is yn hannen fan teätermakker en performer Douwe Dijkstra en der is muzyk fan de band Fegebart. It programma begjint om 20.30 oere, ynrin 20.00 oere.… Lês fierder

Kin in tydskrift literêr wêze?

logo.ensafh

Wat is goed: it literêr tydskrift of it literêre tydskrift?
Ofgeande op de praktyk liket de mearderheid fan de skriuwers te kiezen foar literêre. Se ferbûge dus it eigenskipswurd (literêr) foar it haadwurd  (tydskrift), dat in it-wurd is. Sa is ommers de regel: in eigenskipswurd foar in haadwurd wurdt net ferbûgd as der in of sa’n foar stiet, mar wol as der it, dit, dat foar stiet. Dus it nije boekdat lege doaske en dus ek it Fryske tydskrift. Dat ferbûgen waard foarhinne ek dien as der in besitlik foarnamwurd (myn, har ensfh.) foar stie, mar dy regel is yn it neigean rekke.… Lês fierder