Giny Bastiaans

Bokkepoatsjes

logo.ensafh

Tsien minuten letter stie ik wer by de kassa. Want ik hie de bokkepoatsjes ferjitten. Ik mei alhiel gjin bokkepoatsjes. Mar ja, myn oare helte fynt se hearlik. Dat sadwaande.
Der stiene twa froulju foar my, beide de karre grôt- en grôtfol.
De iene hie in koart, ôfknipt spikerbroekje oan dat, sa’t myn skoanmem sizze soe ‘de skamte amper bedekke koe’. En se hie der in pear alderaaklikst hege hakjes by oan. De oare stie op rôze sneakers, mei in read learen rokje derboppe. In kombinaasje dy’t ik ek sa gau net betinke soe.
Ik stuts myn bokkepoatsjes opfallend yn ’e hichte.… Lês fierder

Aginda 24-09-2023: Douwe Kootstra oer Gerben Rypma

logo.ensafh

Douwe Kootstra oer it libben fan de boer, dichter en skilder Gerben Rypma

In hiel bysûnder man, dat wie Gerben Rypma (1878-1963). De Einzelgänger en boerefeint út it lege lân om de Aldegeaster Brekken hinne krige yn Fryslân bekendheid as skilder en folksdichter. Hy tekene, as autodidakt, op masterlike wize portretten, bisten en lânskippen. As folksdichter besong er jierrenlang foaral it gea wêr’t er libbe.

En hy betocht mar leafst 453 ‘siedkerlen’, selsbetochte sprekwurden dêr’t út bliken docht dat de as heremyt libjende Rypma in skerp each hie foar de natoer en de minske.

Ferteller en skriuwer Douwe Kootstra bringt yn in programma fan sa likernôch in oere op meinimmende wize de libbensfeiten fan dy singeliere keunstner út de wide, ûneinige flakte achter Greonterp.… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Blauwe engel over mijn borst

logo.ensafh

Dokter? Dokter, krijg ik alsnog een infarct?’ jammer ik deur. De arts geeft antwoard. ‘Mijnheer Van der Veer, of u een infarct krijgt ja of nee, dat bepalen wij en niemand anders.’
‘Dokter, ik zie de deuren van de hel. Verdomme, dokter, doe wat, ik wil niet naar de hel!’ ‘Mijnheer Van der Veer, of u nu in de hemel of in de hel komt, ook dát bepalen wij ‘
Ut is fandaach op’e kòp ou 10 jaar leden dat ik in ut sikenhús terecht kwam. “Su sitte je op’e fyts, su lêge je in ut Sint Antonius”, skreef ik later op myn digitale dachboek.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Skriuwe op de aktualiteit

logo.ensafh

Freed stie der wer in gedicht fan my yn de krante: Fytse yn de rein. It wie maklik te missen mei al dat aaklike wrâldnijs. De aktualiteit wie diskear myn eigen projekt. Myn fokus leit ek wat mear op eveneminten en projekten as op de krantegedichten. It is in bytsje falskspyljen om myn eigen aktualiteit te meitsjen. Faaks hie in skodzjend rampgedicht my in promininter hoekje krante oplevere, mar it is moai dat ik sels kieze mei.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Blog Klaas van der Hoek: It poesyalbum fan Marie Greebe

logo.ensafh

Earne om 1870–1880 hinne hâldt it sjenre album amicorum op te bestean. Manlju lizze gjin freoneboek mear oan. Jonge froulju sette de tradysje fuort, mar foarm en ynhâld fan it sjenre feroarje. De opfolger fan it album amicorum krijt de namme poesyalbum, mei’t in protte fan de sûnttiid brûkte albumkes, ornaris produsearre yn Dútslân, de opdruk Poesie hawwe.

Lês fierder by KonsenyljeLês fierder

Teleks: Skriuwster Lida Dijkstra wint priis foar bêste histoaryske jeugdboek

logo.ensafh

Skriuwster Lida Dijkstra fan De Knipe hat de Archeon Thea Beckmanpriis wûn. Har roman Schaduw van Toet is ferkeazen ta bêste histoaryske jeugdboek fan it jier.
It boek giet oer farao Toetanchamon en syn healsuster oan it hôf fan de farao’s yn it âlde Egypte. Dijkstra krige de priis om’t har ferhaal Toetanchamon ‘vakkundig en trefzeker’ yn de histoaryske kontekst set.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder