Kollum Arjan Hut: Blokkearje de Molkwei!

logo.ensafh

Mei stjerrekunde-studint Alex Hin kuierje ik by Boerum mei in groep minsken nachts oer in betonpaadsje it tsjuster yn. Miskien sille we de Molkwei sjen, en Saturnus en Jupiter steane ek op it programma. De kuier makket diel út fan it Grutte Eare-festival, dat dit jier foar de twadde kear organisearre wurdt. Ik bin mei om gedichten foar te dragen dy’t by it tema passe, it hielal, mar ek it tsjuster sels.

Lês fierder by it NijsLês fierder

Teleks: TRYATER SIKET SKRIUWERS

logo.ensafh

Oprop: TRYATER SIKET SKRIUWERS

Fan oktober oant en mei desimber giet Tryater by sân Fryske fanfares del foar de foarstelling Ynblaze. In unike gearwurking tusken lokale amateur-muzykferieningen en Tryater. By de foarstelling wurdt der in oanfoljend programma (Tryater Rûnom) organisearre foar ynteressearre skriuwers. Besjochst de foarstelling en dochst mei oan in skriuwworkshop.

Wat we dwaan sille.
As dielnimmer fan dizze workshop giest yn petear mei muzikanten fan Fryske fanfares. Wêrom giet immen alle wiken nei de repetysje? Wat driuwt him of har? Yn tarieding nei Ynblaze ta hawwe skriuwer Wessel de Vries en regisseur Tatiana Pratley lyksa yn petear west mei in tal fanfareleden.… Lês fierder

Blog Huub Mous: De zelfgenoegzaamheid na CH 2018

logo.ensafh

Met stijgende verbazing en soms ook ergernis heb ik afgelopen zondag gekenen naar de eerste aflevering van de documentaire op Fryslân Dok naar aanleiding van Het wonder van 2018, het boek van Geart de Vries dat onlangs is verschenen. (zie: Uitzending gemist) In twee afleveringen van deze documentaire worden twaalf hoofdrolspelers in de organisatie van destijds aan het woord gelaten.

Dat levert een vloedgolf van zelfgenoegzaamheid op. Wat waren we geweldig en wat hebben we het met elkaar fantastisch gedaan! Vooral de tevreden grijns van Sjoerd Bootsma, het bevallige pruilmondje van Jannewietske de Vries en de quasi-artistieke, grijze sik van Oeds Westerhof deden mij af en toe huiveren van afschuw.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Lêste leadsjes?

logo.ensafh

It is wer septimber hear. Ik draai oeroeren op oeroeren. Wer twa optredens yn de wike, as fanâlds sûnt ik Dichter fan Fryslân bin. De poëzyposters de doar út (freed offisjele oanbieding by it Beyers Naudé mei de dichters!), dan kin ik dat projekt ôfstrepe. Dat klinkt wat ûnearbiedich, want it wie echt in prachtich projekt, mar der is mear te dwaan.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Aginda 01-10-2023 o/m 22-10-2023: Presintaasje ‘It ritme fan RIXT’

logo.ensafh

It ritme fan RIXT – 50 selektearre gedichten fan it Frysk dichterskollektyf RIXT

Yn 2023 bestiet it Frysk dichterskollektyf RIXT fiif jier. Yn maaie 2018 kaam in groep dichters byinoar en waard de namme fan de ferneamde Fryske dichteresse Rixt (1887-1979) keazen foar it kollektyf dat de poëzy yn Fryslân oars op de kaart sette woe. Op dit stuit nimme mear as fyftich dichters diel oan RIXT. De measte fan harren skriuwe yn it Frysk, mar der sitte ek Nederlânsktalige dichters by it kollektyf en guon dy’t yn Fryske streek- of stedstalen publisearje.

De bondel ferskynt op 1 oktober 2023 en de presintaasje is ûnderdiel fan in middei en jûn mei sa’n 30 dichters, muzyk en dûns.… Lês fierder