Wy hiene in kurieuze relaasje, sy en ik. Sy kaam út in hiel oar, in folle hurder en ûngefoeliger miljeu. Dat makke har neat út, mar yn myn ûnderfining bleau der altyd in beskate ôfstân tusken ús, in soarte fan nivo- of stânsferskil. Guon yn ’e famylje koene ús relaasje ek net sa bot wurdearje. Of se begriepen it gewoan net. Myn oars sa ynskiklike twillingbroer bygelyks, dy fûn har mar in lichte fûgel. Syn ûnbegryp, dat delbûgende fan him, hat fêst ynjûn west troch oergeunstigens, wol ik leauwe. Want werklik, se wie sa trou as goud, as ik har nedich hie, stie se alle kearen foar my klear.… Lês fierder
