Utsprutsen by de Hommaazje oan Elmar Kuiper, winner fan de Gysbert Japicxpriis 2025, yn Kafee De Gouden Liuw, Tresoar, snein 5 oktober 2025
Bêste Elmar, achte oanwêzigen, goeiemiddei allegear,
Sa’t wy hjir fannemiddei byinoar sitte, hawwe de measten fan ús wolris in wurd op papier set. Dat in ferhaal wurde soe. Of in fers. Of gewoanwei mar in rigelmannich om oer nei te tinken, of inkeld mar om oer de tonge gean te litten. En hoe faak misbetearde dat net? Hoe faak net waard ús wurdsje wei yn ’e blabze fan it net-mear-witte-hoe-no-fierder; gie it kopke ûnder yn ’e sompen fan it ûnthâld, of ferdwûn it spoarleas op it beruchte krúspunt sûnder stopljochten: fan links kaam tefolle ambysje, fan rjochts tefolle tefredenheid, achterom wankte te min talint en yn ’t foarútsjoch lei altyd te min taal?… Lês fierder