Hjoed wol ik it ha oer in gedicht fan Janneke Spoelstra. It is tinkt my it ienfâldichste gedicht dat skreaun is foar Wjerspegelje, in projekt fan Ljouwert City of Literature. Ik moast deroan tinke nei it berjocht dat yn Kollum in reinbôgebankje fergriemd wie mei in haattekst. Yn oanrin nei de Pride Kollum fan hjoed wiene der mear haatreaksjes, bygelyks ûnder de oankundiging op Facebook.
It wie foaral de tekst by it bankje, oan de foto’s te sjen ien mei in dreech romtlik ynsjoch, dy’t it ien en oar oprôp. “Rotop! Vergiftig jullie eigen kinderen” is mei sichtbere swierrichheden op it beton ûnder it kleurige bankje delkwatst.… Lês fierder