Yn it moanneljocht: Kastanjemantsje

logo.ensafh

Ypie Bakker, moannedichter fan oktober, set har gedicht ‘Kastanjemantsje’ yn it moanneljocht. Se seit deroer: ‘Dit fers giet foar my net allinich oer de natuer en hjerst, mar ek oer in herinnering en in ynsjoch dat yn e hjerst fan myn libben my tafallen is. Boppedat fyn ik dit fers sa by it neisimmerwaar fan de ôfrûne dagen passen.’

Kastanjemantsje

ierde wazemet moas en
dea blêdeguod wurch
hinget sinne oer ’t hiem

Lês fierder by RIXT… Lês fierder

Peter Boomsma krige stripboek ‘Kneppelfreed’ fan Skelte Braaksma oerlange

logo.ensafh

Histoarikus Peter Boomsma krige ôfrûne wike it earste eksimplaar fan stripboek ‘Kneppelfreed’ oerlange fan skriuwer Skelte Braaksma. Dit barde by ûnderwiisorganisaasje Cedin yn Drachten op woansdei 7 oktober.

De betûfte Boomsma publisearre yn 2021 in histoaryske útjefte oer Kneppelfreed. En de dreaune Braaksma makke graach gebrûk fan de advizen fan de Ljouwerter histoarikus.

Lês en sjoch fierder by Brekt… Lês fierder

Bibliotheek haalt woordenboeken uit collectie: “Wij bepalen niet voor anderen wat iets betekent”

logo.ensafh

Bij de openbare bibliotheek van Strielwouden verdwijnen de woordenboeken uit de collectie. Volgens de bibliotheek laten de boeken te weinig ruimte voor de persoonlijke beleving van lezers. Duizenden woorden krijgen een betekenis opgedrongen, zonder enige ruimte voor de dialoog.

Lês fierder by Nieuwspaal… Lês fierder

Teleks: Oprop oan skriuwers: Wa wol oan it wurk yn de arke fan Rink?

logo.ensafh

Yn 2027 sil de arke, dy’t earder tahearde oan skriuwer Rink van der Velde, wer beskikber wêze foar in skriuwer dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer (of literatuer yn in streektaal fan Fryslân). De arke leit op in prachtich plak yn in petgat oan de Drachtster Heawei en is eigendom fan It Fryske Gea.

Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en oare persoanlike kosten, is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt mei It Fryske Gea, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD). Oars as earder it gefal wie, is de arke no ek beskikber yn’e maaitiid en by ’t hjerst en by’t winter.… Lês fierder

Kollum Gerard de Jong: Sintel

logo.ensafh

‘n Sintel is ’n nagloeiend koaltsy, ’n potînsjele firestarter. ’t Is derom de naam fan de samenwerking fan fier wetenskaplike projekten, d’r op richt om ongelykhyd op ’t gebied fan sôndens, fermogen en kânsen te bestriden. Universiteiten, ondersoekers, útfoerders en belaidsmakers kwammen ôflopene week naar Utrecht: allegaar knappe koppen die’t in hur aigen feld eksellere. Mij hadden se froegen om taal en meertaligens in dut fraagstik te belichten.

Lês fierder by Stichting Bildts Aigene… Lês fierder

Onuitgegeven boeken krijgen een plekje in de KB nationale bibliotheek

logo.ensafh

Het is de droom van bijna iedere beginnende schrijver, je boek in de KB nationale bibliotheek krijgen. Vroeger moest je boek hiervoor eerst uitgegeven worden, maar deze regeling is sinds vandaag verleden tijd. In samenwerking met het Boekenspektakel van de Bibliotheek Utrecht krijgen onuitgegeven boeken nu ook een plekje in het archief.

Lês fierder by Boekenkrant… Lês fierder

Teleks: Tony Feitsmapriis siket jong Frysk skriuwtalint

logo.ensafh

 

Winners Tony Feitsmapriis 2025 Pieter Zijlstra, Tiemen de Boer, Hylke van Duuren en Marije van der Eems yn Tresoar op de Gjalp- en Tony Feitsmajûn. Foto: Marieke Balk 

Tony Feitsmapriis siket jong Frysk skriuwtalint

Jongerein oant en mei 29 jier kinne wer meidwaan oan de Tony Feitsmapriis. Foar de edysje fan 2026 kinne jonge skriuwers oant 1 desimber in Frysktalich gedicht, ferhaal of essee ynstjoere mei it tema ferbining.

Nei in suksesfolle earste edysje yn 2025 is de Tony Feitsmapriis wer iepensteld. It tema foar 2026 waard bekendmakke op de Gjalp- en Tony Feitsmapriis-jûn yn it Literêr Kafee fan Tresoar ein septimber troch Tiemen de Boer, bestjoerslid fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings en winner fan de Tony Feitsma Debutantepriis yn 2025.… Lês fierder