Teleks: Sprekkers socht foar 12e Dei fan de Fryske taalkunde op 6 oktober 2023

logo.ensafh

It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tolfde kear de Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde. Yn de lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy’t ta de West-Germaanske taalfamylje behearre.

Sjoch foar mear ynformaasje by It NijsLês fierder

Kollum Henk van der Veer: Beesten

logo.ensafh

Ik kom út un tiid dat der nòch gyn Partij voor de Dieren was. Blykber nyt noadech dat der su’n spesifieke klup aktyf was dy’t foar de belangen fan’e beesten opkwam.
Achterou besiën waren wij wrede jonges, seker at ut over ut welsijn fan beesten ging. Want welke jonge hat in oans tiid nòch gyn eierfersameling? Rond disse tiid fan’t jaar strúnden we alles ou om mar nêsten te finen en dan oans eierfersameling út te breiden. ‘Eiers úthale’, su hite ut. Of ut nou in ut Wilhelminapark fan Sneek was, ut Spoardok òf ut Bos fan Ysbrechtum, we waren der bij.… Lês fierder

Henk Nijp

Marathon

logo.ensafh

Hurddraafster Sifan Hassan rûn op 23 april har earste maraton, yn Londen, en die dat op magistrale wize. Jo ha der grif ien en oar fan meikrigen. Oer hoe min oft har tarieding op dizze wedstriid west hie, oer de ramadan dêr’t se as moslima mei te krijen hie. Oer de kramp, oer it strekken fan ’e skonken, de krekt-net-botsing mei in folchmotor en de kaprioalen by de drinkpost. Oer hoe ûnwis oft se wie oer de loop, want ja, mear as 42 kilometer, hoe sil dat yn ’e goedichheid útpakke ast soks noch net earder dien hast? En fansels oer dy fenomenale spurt by de einstreek.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Fietstocht

logo.ensafh

Vandaege he’k Jan en Diana uut Aalten op vesite had. Zi’j kommen ien keer in et jaor bi’j mi’j en ik gao ien keer in et jaor naor heur toe. We hebben aldergenoeglikst bi’jpraot. Tussen de middag hewwe hier bi’j mi’j eten. Ik hadde een panne gruuntesoep en bolties klaorstaon. Nao et ofwasken biwwe op ‘e fiets stapt en over et ni’je Lendepattien, dat zi’j nog niet zien hadden, naor de Driewegsluus fietst. En daor begon et te spatteren.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Teleks: Frysk strângedicht socht foar de Vliehors Expres

logo.ensafh

Al tweintich jier rydt de Vliehors Expres de moaiste dichtrigels út oer it strân fan Flylân. Alle jierren wurdt der in wedstriid útskreaun foar nije dichtrigels. Ljouwert UNESCO City of Literature ropt no tegearre mei de Vliehors Expres op ta it ynstjoeren fan in nij Frysk strângedicht foar op de Vliehors Expres.

Sjoch foar mear ynformaasje by Ljouwert UNESCO City of LiteratureLês fierder

Blog Jaap Slager: Dy’t in grêf dolt foar in oar…

logo.ensafh

– De lieder fan Ruslân en syn plutokraten hiene in drôvich lyts bytsje respekt foar in minskelibben – alteast, as it om it gewoane folk gong… Ja, Douwe?

– Hat master it oer de oarloch fan 2022, master?

– No, nee. Ik haw it oer de Earste Wrâldkriich fan 1914, mar… do hast gelyk, jonge, dat hie ik der efkes by sizze moatten… Ja, Hawa?

– Wat binne plutokraten, master?

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Nije wurdearring

logo.ensafh

Wy ha it hûs wer foar ússels! Nei fjouwer moannen hat ús Oekraynske gast in nij tydlik plak fûn. It waard in moanne langer as dat wy plend hienen. Dan moatte oars simpele dingen omslachtich oplost wurde. De onedrive fol, e-mail blokkearre, gedichten op de mobyl skriuwe moatte. It dreechste wie lykwols de sfear. Ik hie gjin sjêne as ik krekt wat oan it healwiizjen wie en sy deryn kaam, inkeld argewaasje. Wat fielde ik my somtiden lyts as ik my yn stilte ergere oan pytluttige dinkjes.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder